Taalwrakselingen
Wat is geef Frysk skriuwe dochs dreech om te learen. Ik hie earlik sein net tocht dat it sa yngewikkeld wêze soe. Foar alle skriuwwizen binne regels en as je dy mar yn ‘e holle stampe dan komt it wol goed soene je tinke, mar krekt as it kwartsje begjint te fallen komt der altiten wer in ‘mar’ efteroan. Der binne (yn myn eagen) sawat likefolle útsûnderings as regels. Sa no en dan sjoch ik dan ek troch de beammen de bosk net mear. (en nee de bosk is gjin skriuwfout, it is nammentlik, it bosk blommen en de bosk dy’t je troch alle beammen faaks net mear sjogge).… Lês fierder