Blog Klaas van der Hoek: Mail oan Harmen de Boer

logo.ensafh

Jo spuie yn jo mailtsje fan ôfrûne freed raar guod. Ik waard der suver kjel fan. Jo stroffelje op myn weblog oer wurdfoarmen as ‘betsjuttings’, ‘feroarings’ en ‘oersettings’ en wriuwe my Bewegingsfrysk, Jongfriezenfrysk, Douwe Kalmafrysk oan. Ja, dy meartals-s yn stee fan -en achter wurden einigjend op -ing soe sels tsjûgje fan ‘in yndoktrinearjende taalhâlding’ en ‘antyfolksk elitarisme’. Dat is net sa bêst, dêr stiet grif straf op. Myn fergryp komt, begryp ik fan jo, yn de buert fan de ‘leksikografyske genoside’ wêrmei’t Abe de Vries in jiermannich lyn de earme foarkarswurdlistmakkers fan de Fryske Akademy yn steat fan beskuldiging stelde.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Wogge

logo.ensafh

Sogge is in wurd dat elk yn de studintetiid leart. It tiidwurd hâldt safolle yn as it fertoanen fan ‘StudieOntwijkend Gedrag’. Yn it Fryks wurdt it dan sûge, dêrom hâld ik in foarkar foar de Nederlânske ôfkoarting. Hieltyd faker fertoan ik wykeins ek sok gedrach, mar dan wurkûntwikend. Om konsekwint te bliuwen, neam ik dat mar ‘wogge’.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: 50Plus?

logo.ensafh

Woansdei wie it wer safier. De teller fan myn oantal jierren dat ik hjir op dizze dwaze wrâldbol omstap, tikke mei in hurde klik de 48 oan. No wie it troch de wike en elk hat it drok en sa, dus hiene we de plichtplegingen ôfrûne wykein al hân. Dochs kaam der ûnferwachts dy jûns noch besite. Se namen wisky mei en dan binne jo by in Fryske skriuwer fansels tige wolkom.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder