Blog Daam de Vries: Brassband It Nije Lûd opdoekt, foarsitter ûnderdûkt

logo.ensafh

Justerjûn is yn in emosjonele besletten gearkomste brassband It nije lûd opdoekt. Dat wie gjin unanym beslút mar om noch mear reboelje foar te kommen hawwe de leden besletten gjin kommentaar te jaan en dat oer te litten oan de foarsitter. De foarsitter is allinnich telefoanysk te berikken, hy is ûnderwilens mei de frou ûnderdûkt. Foar ienkear woe er ús te wurd stean.

Lês fierder by DaamLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Gjin organisaasje

logo.ensafh

Ast gjin nocht hast, en ek gjin ynspiraasje, dan kinst mar it bêste neat forseare. Der binne skriuwers en dichters dy’t sûnder dy twa yngrediïnten skriuwe kinne. Dy brûke ferwizingen nei mytologyske ferhalen as in fanselssprekkendheid. Dy kinne in technyk sjenlitte sûnder dat de eigen geast deroan te pas komt. Dat slagget my net sa goed. Om dy reden ha ik ek noch neat op papier foar dy wedstryd.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Nynke Sietsma: It frjemde Frysk

logo.ensafh

“Zo nu en dan zegt jullie dochter woordjes die ik niet begrijp”, sei Nora de berneliedster dizze wike tsjin my. “Wat spreekt ze ook alweer, Fries?” Ik knikte.

As je twa jier binne, falt it net mei om de goeie wurdsjes op it goede momint te sizzen, nammentlik Frysk tsjin mem en Nederlânds tsjin sa’n bytsje de rest. It skeakeljen tusken de twa talen is noch te yngewikkeld. Us pjutter ûntwikkelet noch mar krekt har wurdskat en taalbegryp en hutselet alles wat troch elkoar.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder