Blog Sigrid Kingma: Grutte gedichtejûn

logo.ensafh

Freed bin ik derby om lykas de oaren ien gedicht foar te dragen. Yn Neushoorn wurdt dan de lang ferwachte dichtersmaraton holden. It gedicht moat ik noch skriuwe, mar der is noch tiid sat. Woansdei bin ik frij, dus dan wol ik sowieso in pear dingen oanpakke, wêrûnder myn nifelwurk. Ik ha no genôch wc-roltsjes om de basis ôf te meitsjen. Dêrneist ha ik noch wat skriuwwurk lizzen. As ik dan dochs oan it skriuwen bin, kin ik ek wol wat dichtsje.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Jaap Krol yn FD: Smoke

logo.ensafh

Smoke

Dizze moanne is it in jier lyn dat ik myn lêste shagje rookt ha. No wie ik net in echte smoker, mar ien fan de spesjale gelegenheden. Feestlik dus: in konsert, in kafeejûn, in resepsje. Dat brocht my it gefaarlike ymago fan bietser, feitliks in skande ûnder de karakterrokers. Ofkomstich út Beetstersweach stie ik dan ek bekend as The man from Bietstersweach. Meastal begûn ik de skoaipartij mei in ynterresearre fraach as ‘Hoe is it mei dyn wurk?’ of ‘Is de lekkaazje oan dyn nije badkeamer alwer ferholpen?’, wêrnei ik it antwurd ek noch kreas ôfwachte en ferfolgens keihurd tasloech mei ‘No, leuk ju.… Lês fierder

Lân fan Taal siket sprankeljende taalprojekten

logo.ensafh

Yn 2018 is it safier, dan is Ljouwert de Kulturele Haadstêd fan Europa. En dat moat natuerlik it hiele jier troch fierd wurde. Ien fan de grutste projekten dy’t yn 2018 hâlden wurde is Lân fan Taal. It projekt giet oer de needsaak fan en de leafde foar taal. Der wurdt in nijsgjirrich edukaasjeprogramma opset foar taalbrûkers fan alle leeftiden. Meartaligens en ûnderwiis binne dêr de kearn fan.

Om in folslein en wikseljend programma te bieden, siket Lân fan Taal noch projekten. Minsken mei in goed inisjatyf kinne hjirfoar subsydzje oanfreegje. Siart Smit is algemien manager fan it projekt Lân fan Taal, en wy leinen him de folgjende fiif fragen foar.… Lês fierder

Blog Daam de Vries: Ferkiezings ferlosse It Bilt fan Afrikane-oerlêst

logo.ensafh

Nuvere titel, is it net?

Ja, dat is sa. It wie de kop boppe in stikje fan Oes Omroep, Oes Taal. Dy ha se ûnderwilens oanpast. Te let dus.

Sa’n kop jout oan hoefier’t se sakke binne by Oes Omroep, Oes Taal. Lang ha ik tocht dat it net minder koe as Wilders mar dat is dus net sa. Dy kop jout oan dat Oes Omroep, Oes Taal mei fan alles en noch wat dwaande is mar net mei sjoernalistyk.

Lês fierder by DaamLês fierder