Blog Koos Tiemersma: Minder, minder, minder

logo.ensafh

Se rinne hjir om mei in air fan: dit is allegear fan ús, proastich as stoaterse hoantsjes. En it binne der net in pear, mar hieltyd gruttere kloften dy’t hjir omstrune sûnder fierder in klap út te fretten. Dêrby steure se har net oan de regels dy’t wy hjir mei-elkoar ôfpraat hawwe. Yn de praktyk betsjut it dat as ik sa’n groepke oankommen sjoch, even goed útsjoch, hielendal as ik op de fyts bin, want se stekke oer sûnder út te sjen.

Lês fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Besprek Marten Hepkes Bakker: ‘Dan krije ek de fûgels dien’

logo.ensafh

Marten Hepkes Bakker (1848-1927) schreef zo’n tweehonderd Friese gedichten en werd tot nu toe niet veel meer dan een volksdichter genoemd. Werk van hem is dan ook nooit eerder gebundeld, nauwelijks in literaire bloemlezingen opgenomen of besproken in een literatuurgeschiedenis. Abe de Vries doet nu een niet onaardige poging om Bakker min of meer te rehabiliteren.

Lês fierder by besprekker Jelle van der MeulenLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Lige is de nije wierheid

logo.ensafh

It nije jier is amper út ein of ik ha al in knetterjende primeur foar jim: Jacob Stelwagen giet fan Omrop Fryslân nei Radio 2. Mei yngong fan febrewaris sil er dêr moarns de oeren tusken 10 en 12 foar syn rekken nimme.
Ik kin my yntinke dat jim dêr as trouwe harkers fan dit programma raar fan opsjogge. Ik ek. Ik moat der ek fuortendrekt oan taheakje dat it net wier is. Dit nijtsje falt yn de kategory nepnijs. Post-truth, wurdt it ek wol neamd. Dat betsjut safolle as ‘de wierheid foarby

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Jaap Krol yn FD: Winter

logo.ensafh

Winter

Twa wike lyn. Ik hie wat húshâldlike putsjes dien om in feestje ôf te sluten – krintebôle, glühwein, ABBA – en tagelyk de kommende feestdagen yn te lieden. In bytsje himmelje, in bytsje stofsûgje, in bytsje lege flessen yn ’e jiskepûde dwaan. Dêrnei rûn ik nei de glêsbak en jiskekontêner om it ien en oar fuort te smiten.

Lês fierder by Jaap KrolLês fierder

Leestip: 21 boeken over schrijven

logo.ensafh

Een prima voornemen voor elke journalist: beter gaan schrijven in 2017. Er zijn legio boeken die je daarvoor kan gaan lezen. Maar van welke steek je echt wat op? Freelance journalist Dennis Rijnvis heeft 21 boeken op een rij gezet waarvan hij het meest geleerd heeft.

Rijnvis somt niet alleen een serie boektitels op, maar vermeldt ook meteen welke belangrijke les hij uit het betreffende boek heeft geleerd.

Lês fierder by de Nieuwe ReporterLês fierder

Blog Daam de Vries: Oes Omroep, Oes Taal: “Better Geert dea as de hinnen

logo.ensafh

Yn de titel liket in sitaat te sitten, mar dat is net sa. Sa dogge se dat by Oes Omroep, Oes Taal lykwols sels ek altyd, dat wat kin it skele. De strekking kloppet oars wol.

Fryslân is fan ‘e moarn strang tasprutsen wurden troch in meiwurkster fan Oes Omroep, Oes Taal. Harkers, sjoggers en lêzers binne hielendal net by steat saken fan mear kanten te besjen. It is dus mislik publyk en ferskuorrend dom folk. En dat meie jo bêst tsjin jo klanten sizze as dat sa útkomt.

Lês fierder by DaamLês fierder