Ik ferwachtsje net fan elk dy’t jonger as my is dat dy my mei ‘jo’ oansprekt. Dat ferwachtsje ik lykwols al fan poerfrjemden, ek as dy âlder as my binne.
Nei ferrin fan tiid kinne de ferhâldings feroarje en dan is it goed mooglik dat wy begjinne te dookjen. Neat mis mei. Mar der is ek noch in tuskenfoarm yn it Frysk en hoewol’t ik gjin eksakte leeftydsferskillen oanjaan kin is it dus hiel goed mooglik dat ien fan sis mar tweintich jier jonger my mei ‘Daam’ oansprekt. Dat wurket fierder ek treflik yn in wurkjouwer-wurknimmerferhâlding dêr’t se sawat liket âld binne en mooglik wol yn mear situaasjes.… Lês fierder