Blog Henk van der Veer: De frouljusslachterij

logo.ensafh

It bliuwt fansels apart om te skriuwen dat je in noflike jûn hân hawwe, wyltst je nei in toanielstik sjoen hawwe wêryn’t fjouwer kearels fermoarde binne en dy’t dêrnei ta woarst fermealle wurde. En dochs is it sa. Ik skriuw oer it absurdistise stik ‘De frouljusslachterij’ fan Ilja Gort yn in bewurking fan oersetter Anja Steegstra. It stik belibbe ôfrûne tongersdeitejûn har premjêre ( ‘wrâldpremjêre’stiet op it programaaboekje) bij Teater Snits. Ik haw net bij de premjêre west, mar siet justerjûn op it plús fan de teaterstoeltsjes fan Theater Sneek.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

How did Shakespeare originally sound?

logo.ensafh

We all know the classic Shakespearean lines – “To be or not to be,” “O Romeo, Romeo! Wherefore art thou Romeo?” or “Shall I compare thee to a summer’s day?” — but how would these famous lines have sounded to Elizabethan audiences?

Test your knowledge of common Shakespearean words with our quiz, and listen to recordings of all the phrases – as the Elizabethans’ would have heard them. How well do you really know Shakespeare?

Doch de test op it OUPblogLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: In the year 2045

logo.ensafh

Yn it jier 2045 bin ik 76, as ik it meimeitsje mei. Dat is neffens de hjoeddeistige sifers de leeftiid fan in jongkeardel. Wy wurde allegearre stokâld, de bern dy’t no yn de widze lizze, sille, as se sûn bliuwe, samar tachtich wurde. Dizze wike kaam ik in tweet tsjin wêryn’t wittenskippers út it Pentagon harren brainstoarmjen oer de wrâld yn 2045 út de doeken dienen. Rûchwei komt it hjir op del: wy hoege aanst sels neat mear te dwaan, want der binne robots en masines ûntwikkele dy’t it wurk foar ús dogge.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Neaken en bleat

logo.ensafh

‘Dêr giet wer in tradysje,’ krige ik fan ien op it pantsje doe’t bekend waard dat ik in foto meitsje litten hie as ûnderdiel fan de Gysbert Japicxpriis yn stee fan in skilderij. Sels kin ik my better fine yn de draai dy’t Bert Looper der juster oan joech: ‘In stylbreuk’. Oft dat betsjut dat der letter mear foto’s folgje sille, wit ik fansels net.

Lês en sjoch fierder by Koos TiemersmaLês fierder

Kollum Hilda Talsma: Tulpen

logo.ensafh

De kommersje hat foar my in grut part fan de desimberwille bedoarn. Doe’t de bern noch lyts wiene en nei de simmerfakânsje de pipernuten al yn ‘e winkels leine, tochten se fansels dat Sinteklaas hast wer kaam! ‘Nee leave, dat duorret noch in hiel skoft. We hawwe no de simmerklean noch oan mar as de winterjas en de moffen oan kinne, dan duorret it meastal net sa lang mear.’ Mar hast tagelyk mei de pipernuten leine de krystballen ek al yn ‘t skap.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Langstme nei it wykein

logo.ensafh

As ik moarn dochs oan it wurk moat, dan sil ik ek in boek bestelle fan Diet Huber om moarn op te heljen. Ik tink dat it Blinder de Boekeflie wurdt. Eins moat ik ris in hiele dei nei Tresoar, want dy argyfstikken mei ik net mei nei hûs ha. Dy wol ik allegear graach ynsjen. Ik bin op it stuit hiel benijd nei mooglike deiboeken en hânskriften fan earste ferzjes fan ferskes.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder