Tsjintwurdich hat hast elkenien in mobile telefoan. Fierwei de measten brûke dy de hiele dei troch, der binne wit ik hoefolle apps dêr’t je de dei mei trochkomme kinne. Ik ha ek sa’n ding, mar brûk eins mar in pear apps hiel geregeld. De rest sit der wol op, mar se wurde troch my net brûkt. No ha je oeral listen fan. Google wit alles. Sa kinne jo opdracht jaan om bygelyks de meast ûnsinnige wetten op te sykjen. Dan fine jo dat it yn Ingelân ferbean is om yn it parlemint dea te gean. Mochten jo dat fan doel wêze: it mei net.… Lês fierder