Gastbloch troch Sigrid Kingma
Soenen der in soad minsken nei it heljen fan in masterbul tinke: wat ha ik no eins berikt? Ik bin Nearlandika mei in spesjalisaasje yn letterkunde, mar dêr keapje ik oant no ta neat foar. De minor neurolinguistyk hat my ek gjin wurk opsmiten. No wol ik net beweare dat wat ik leard ha folslein nutteleas is. It hat mear te krijen mei de tiid dy’t net sa geunstich is foar alfawittenskippen en foar kultuer yn it algemien. De bachelor Frysk die ik der foar de aardichheid by. Dat hat my oant no ta it measte brocht, mar likegoed gjin WO-funksje.… Lês fierder