Blog Sigrid Kingma: Asega, is it Dingtiid?

logo.ensafh

Dingtiid hie ik noch nea fan heard as orgaan. Wol as wurd, dinge is in âld wurd foar rjochtsprekke. Dêr komt de term ‘(kort) geding’ ek wei en sa binne der mear fan dat soarte dingen. In hiel moai boek is fansels Asega, is het dingtijd? in edysje gearstald troch Oebele Vries dêr’t it Aldfrysk rjocht yn oersetten en ferklearre is. It Aldfrysk rjocht is tige wiidweidich en beskriuwt foar sawat alle foarkommende senario’s helder wat de proseduere is. As foarbyld hjir in simpele rigel út it jongere skeltarjocht.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Kollum Ferdinand de Jong: Max Verstappen Allee yn Ljouwert

logo.ensafh

Ik haw in petysje ûndertekene. Dat doch ik oars hast nea, mar no al. Der binne al tûzen oaren dy’t it ek dien hawwe, dus moat der wol in reden foar wêze. Wêr giet dy petysje dan oer? Dat sil ik jimme útlizze. De Heak om Ljouwert hinne is in moai stikje ynfrastruktuer wurden. It is in lust. Je binne út de moaie Wâlden samar yn Harns om nei in oar eilân te reizgjen, as je net nei It Amelân wolle. Oant safier gjin klachten. Mar ik moat sa no en dan wol even yn Ljouwert wêze. As je út de rjochting fan It Fean nei “De Hoofdplaats” ride, komme jo fan de fjouwerbaansdyk fia in ôfslach en in tige hippe minyrotonde samar op de saneamde Overijsselselaan.… Lês fierder

Besprek aksjeboek ‘Wapper’

logo.ensafh

De wille fan it meitsjen fan dit aksjeboek spat der ôf. Wapper, it printeboek en aksjeboek foar bern 2016 fan yllustrator én skriuwster Yke Reeder lit sjen wat se allegear wol net kin. Wabe, Wiepie, Wobke en Wapper wurde yn in aaidoaske besoarge troch de earrebarre. Al gau moatte de pykjes it fleanen leare. Dat giet bêst, allinne Wapper bakt der neat fan: hy is te benaud om te fallen.

Lês fierder by Paul van Dijk op de side fan de Moanne… Lês fierder