Fuort wolle: dan bist nei alle gedachten al heal op reis. Sabeare op paad mei de fyts, auto, trein of it fleantúch. Wylst der net in meter ferset wurdt is it berik ûneinich.
Lês fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
Fuort wolle: dan bist nei alle gedachten al heal op reis. Sabeare op paad mei de fyts, auto, trein of it fleantúch. Wylst der net in meter ferset wurdt is it berik ûneinich.
Lês fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
Swalk 2016 is los!
De kop is der ôf. En it wie moai :-). In tige slagge Boekefeest! Sjoch mar nei dizze kompilaasje.
Wolle jo mear fan Swalk sjen? Programma stiet op www.swalk.nl
Oant swalk!
Foto’s yn dizze “film” binne makke troch Haye Bijlstra.
Sjoch fierder by Swalk… Lês fierder
Nei sa’n lêzingdei soenen je ferwachtsje hielendal gear te wêzen, dat falt alles ta. Ik ha in pear lêzingen oerslein, mar ien bin ik gelokkich wol hinne west, en dat wie dy fan Eric Hoekstra. Dy hie in nijsgjirrich ferhaal oer wêrom’t de geasteswittenskippen al in hiel skoft leger yn oansjen steane as de bêtawittenskippen en hoe’t we dat probleem mooglik oplosse kinne. Ik wie leau ik net de ienige dy’t it ynspirearjend fûn.
Lês fierder by Sigrid Kingma… Lês fierder
Ik hebbe veur zeuventien vrouwluden verhaelen verteld in Roden. Et gong veurtreffelik, ik hebbe me nooit iene keer verzind. Mar… op een bepaold mement dee een vrouw van de bediening onder et vertellen zomar de deure los en begon d’r deur henne te praoten tegen de veurzitster.
Lês fierder by Johan Veenstra… Lês fierder
Ien fan de earste Sineeske gedichten dy’t Slauerhoff nei it Nederlânsk oerbrocht, wie ‘Reizend naar Njoe Tse Wang’ fan Poe Tsju I. By syn oersettingen makke er gauris gebrûk fan Dútske en Ingelske fertalingen, yn it bysûnder fan de teksten yn One hundred & seventy Chinese poems (New York, 1925) fan de Britske sinolooch Arthur Waley, in blomlêzing dy’t er yn 1927 yn it eardere Macau, tsjintwurdich Hong Kong – Slauerhoff foer yn dy dagen as skipsdokter op de koelyskippen fan de Java-China Lijn – op de kop tikke hie.
Lês fierder by Eeltsje Hettinga… Lês fierder
Dizze kollum is in sequel. Dat betsjut ferfolch of fuortsetting en wurdt it meast yn Hollywood brûkt. Mar no brûk ik it om dúdlik te meitsjen dat dizze kollum in ferfolch is op dy fan foarige wike. Dy gie oer de steat fan it ûnderwiis, wit jim noch? It blykt dat dy in protte minsken goed heech sit. Frijwol alle reaksjes meitsje dúdlik dat wy net tefreden binne mei hoe’t dat ûnderwiis ynrjochte is. Dat jildt foar heiten en memmen, mar ek foar leararen en dosinten.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
De boat gie fan Schaprode nei Hiddensee. We hiene in moai plakje by it rút en seagen oer de Bodden, it kustwetter foar de Dútske eastseekust. Hiddensee leit in lytse seis kilometer foar de westkant fan Rügen. It eilân is autoleas en hat gjin ferkearswegen. It hat dus ek gjin ferkearsrigels, elkenien – hynders, fytsers, kuierders – docht mar wat.
Lês fierder by Jaap Krol… Lês fierder