
”I’m trying to achieve a balance between writing on my novel project and learning about the Frisian culture.”
Yn it ramt fan it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden is de Baskyske skriuwer en oersetter Eneko Aizpurua Urteaga (1976, Lazkao, Baskelân) te gast yn Ljouwert. Hy is op 20 oktober oankaam en sil hjir bliuwe oant mids desimber en wurkje oan syn nije roman. Hy publisearre oant no ta trije misdiedromans: Lehertu da festa (It is feest, 2016), Herensuge gorriaren urtea (It jier fan de reade draak, 2013) en Errauts (Jiske, 2011). Yn 2008 wûn er de twadde priis by the Iruñea literatuerpriis foar jonge skriuwers, yn de kategory koart ferhaal, mei Fortunaren gurpila (Rêd fan fortún).… Lês fierder