Swalkje troch Súd Amearika
It is drok op Plaza de la Indepedencia yn Mendoza. It is jûns let en ik rin oer it parkeftige plein. Oeral steane kreamkes mei folk der efter om guod te ferkeapjen: ringen, hânwurkjes, portretten, sjaals, selsmakke bier en wit ik wat mear. Se sjogge my rinnen, de toerist, mar der wurdt net roppen sa as yn Peru. Dêr drave se efter je oan, roppe, hâlde je hast tsjin, hjir net, it is in fredige stiltme. Twa muzikanten meitsje muzyk op enoarme panfluiten. It past by it park, by de hite simmernacht. Nee, ik wol neat sjen fan al dy sûvenirs, it komt my, earlik sein, nei twa moannen Súd-Amearika, de kiel út.… Lês fierder