Ytsje Hoekstra

Skoandere memmen

logo.ensafh

Stean nochris stil bij: www.millenniumdoelen.nl

Ik sjoch mysels wat skiterich oan, yn ’e spegel. Falbile-tiid en noch gjin kollumtema. Misskien kin ’k wat opstekke fan Trinus yn’e Ljouwerter? Hmm. It neamen fan it wurd ‘bloedbesinking’ bedjerde op in terras syn iten. In misdied tsjin it libben, begien troch twa froulju. Hy neamde se ‘âlde wiven’. Op 3 oktober 2007 ( http://www.myneigeneker.nl/KOLLUMS.htm ) hat er oars sels mýn ytlust bedoarn, mei snijpraat oer de prûm fan syn frou. Mantsje Trinus. Mar ik hoopje dat er noch hiel lang trochskriuwe mei.

Sil ik froulik werwurd jaan? Harrejasses, nee. Ik set gewoan in ûntspannend masker op, út sa’n gratis meunsterpûdsje, ik sil gjin âld wiif wurde.… Lês fierder

Ytsje Hoekstra

Myn geheim

logo.ensafh

Ha se jo the Secret al ferteld? It grutte geheim dat te krijen hat mei the Law of Attraction (LOA), dy’t seit dat wat jo sels oan tinzen (posityf of negatyf) formulearje, dat dat jo ek oerkomme sil? Binne jo al in leauwer yn dat geheim? Myn skepsis deroer wifelet, nei hieltyd mear moaiere tafallicheden yn myn rjochting. Dus hâld ik tsjintwurdich myn hert fêst, foaral as ik wer ris wat ûndogensk tink…

It wie altyd al sa: in wichtich barren as in nije trend pik ik altyd folle earder út it universum op as oaren. Wat sa’n trendwiersister as Lidewij Edelkoort docht kin ik dus ek.… Lês fierder

Ytsje Hoekstra

Yntinsje

logo.ensafh

Krantekop-skimmend liket it nuver dat in wethâlder mei ûnderwiis-portefeuille, dy’t in nije skoalle finansierd hat, neffens guon leararen perfoarst net delkomme mei om it gebou te iepenjen. In leuke kollega op kantoar freget dy by’t ynkommen ofsto noch wolris by jûntiid oerwurkest? Ofst dan ek op ’e fyts komst? Joust op dy nuvere fragen gewoan antwurd, gniist in hiele ôfdieling dy út.

Op sa’n stuit hat dyn brein efkes oanklauwen. Is it safier datst op alle miste nijsfeiten wer by bist, dan giet dyn eigen referinsjekader der noch op fermoeiende wize mei oan ’e haal.

A: moatst by de kofje oeral in miening oer hawwe, dus ja, wat fynst hjir fan?… Lês fierder

Ytsje Hoekstra

Mieningen oer de Gysbert foar Josse de Haan | 2

logo.ensafh

Fan minsken as Piter Boersma, Aggie van der Meer, Meindert Bylsma, Arjan Hut, Koos Tiemersma, en in protte oaren kaam noch gjin reaksje, sa skreau ik ôfrûne freed. Sûnt dy tiid binne der net allinne fia it diskusjeskerm tal fan mieningen jûn, mar is der ek noch mail ynkommen. Ut dy lêste kategory folget hjir in seleksje:
 
Sa skreau Aggie van der Meer:

No’t it swart op wyt stiet dat ik wol frege bin om myn miening mar fan ’e gelegenheid gjin gebrûk makke ha (oan no ta) frege ik my ôf wêrom’t ik it wol dwaan soe.

Ik ha de gewoante om my by útferkiezings del te lizzen as it my net wat skele kin, ik it der mei iens bin, of der neat oer te sizzen ha.

Lês fierder

Oer (it sammeljen fan gjin) mieningen oer de Gysbert foar Josse de Haan

logo.ensafh

Joop Boomsma hie de scoop, mar Farsk brocht it nijs ek al yn in koart berjocht op tiisdeitejûn 11 september — foar de kranten en Omrop Fryslân út; noch gjin sjoege op de Provinsjesite, mar wol persoanlik befestige troch Josse sels. De oare deis belle Teake Oppewal my (wat ûngerêst?) op myn wurk om te hearen hoe’t wy hjirby kamen, woe it dernei dochs wol leauwe mar… der gjin kommentaar op jaan, bûten: ‘Moai foar Josse’. Hy fûn dat yn syn posysje net kinnen èn dat ik dat snappe moast. OK. Mar ik freegje soks gewoan dochs, want ik stel graach dommige fragen èn ik bliuw graach tsjin better witten yn hoopjen op net al te benaude minsken.… Lês fierder