Teleks: Dichter fan Fryslân Arjan Hut in jier langer Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Arjan Hut sil ek yn 2026 Dichter fan Fryslân wêze. Dêr hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân earder dit jier mei ynstimd. Dêrmei kin Arjan Hut, dy’t yn 2023 offisjeel ta Dichter fan Fryslân beneamd is, syn wurk en projekten as poëtysk ambassadeur in jier langer fuortsette. Sa iepenet er yn novimber op it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse in troch him gearstalde kuiereksposysje mei bysûndere omslaggen fan Fryske dichtbondels.

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder

Aginda 12-11-2025: Boekpresintaasje Janneke Spoelstra, ‘Wêr bliuwe de froulju?’

logo.ensafh

Janneke Spoelstra ynterviewde tsien dichters oer harren poëzy en harren posysje yn de Fryske literatuer. Net tafallich binne it alle tsien froulju. Skriuwe froulju likefolle as manlju? Wurde se like maklik publisearre? Hawwe froulju tsjintwurdich like goede kânsen as manlju yn ’e Fryske literatuer? Datsoarte saken kamen oan ’e oarder yn de ynterviews.

Op woansdei 12 novimber 2025, op de tredde Conference on Frisian Humanities, sil Janneke Spoelstra har bondel presintearje yn it Leonardo Oranje Hotel yn Ljouwert. De bondel hat de titel Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023) meikrigen en wurdt útjûn by Afûk.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by de Fryske AkademyLês fierder

Teleks: Poëziedebuutprijs 2025 naar Sytse Jansma met Rozige maanvissen

logo.ensafh

Gisteravond is bekendgemaakt dat Sytse Jansma de Poëziedebuutprijs 2025 ontvangt. Met zijn bundel Rozige maanvissen ontvangt hij naast oorkonde ook een geldbedrag van 1500 euro. Jansma debuteerde met de Friese dichtbundel wa’t tate seit moat ek whisky sizze in. Met Rozige maanvissen publiceerde Jansma zijn eerste Nederlandstalige dichtbundel. Het werk verkent thema’s als verlies, taal en herinnering in gedichten waarin rouw en verlangen een blijvende rol spelen.

De jury, bestaande uit Jeroen Dera, Lies Van Gasse en Dirk De Geest, noemt Rozige maanvissen een indringende poëtische rouwkans:

Lês fierder by BoekenkrantLês fierder

Teleks: Foar eltse skoalle Fryske berneboeken

logo.ensafh

Freed 17 oktober krigen learlingen fan SLS De Feart yn Jobbegea in lêskoffer mei Fryske berneboeken kado út hannen fan Hedwich Rinkes, wethâlder fan Kultuer fan de gemeente It Hearrenfean, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn’t alle basisskoallen fan de gemeente in fergeze lêskoffer oanbean krije.

Njonken SLS De Feart krije ek 29 oare basisskoallen yn de gemeente in lêskoffer oanbean. De lêskoffers binne beskikber steld troch de gemeente It Hearrenfean,

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder

Teleks: Grutte audiokolleksje fan samler fan Fryske folksferhalen op 2 novimber online

logo.ensafh Lês fierder

Teleks: Utnûging iepening eksposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

logo.ensafh

Tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, de troch him gearstalde eksposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties.

De Dichter fan Fryslân socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden.

Yn gearwurking mei it literatuerfestival Meet Me at the Lighthouse nimt de Dichter fan Fryslân jo mei op in kuier oer it eilân lâns in seleksje fan de tentoanstelde affysjes en ljochtet er in tal dichters út troch in foardracht út harren wurk.

De Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, nûget jo fan herten út om by de iepening fan dizze literêre eksposysje oanwêzich te wêzen.… Lês fierder