Teleks: DINGtiid tige kritysk yn brief oan RUG “Fikse tebeksetter foar it Frysk”

logo.ensafh

DINGtiid is yn in brief oan Rijksuniversiteit Groningen op ‘e nij kritysk op de wize wêrop’t ynfolling jûn is oan de learstoel Frysk. It advysorgaan neamt de omgong mei de universitêre frisistyk oan de universiteit “skansearjend foar de status fan it Frysk as twadde rykstaal.”
De oanlieding foar it brief binne soargen dy’t ‘ferskate maatskiplike organisaasjes’ mei DINGtiid dield hawwe.
Op 19 oktober makke de universiteit bekend dat taalwittenskipper dr. Anne Merkuur oansteld is as universitêr dosint. Sy moat dêrmei yn de takomst de posysje fan âld-heechlearaar Goffe Jensma ynfolje.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Aldfryske hânskriften Tresoar krije UNESCO Memory of the World-status

logo.ensafh

De Richthofenkolleksje fan Tresoar hat de status UNESCO Memory of the World krigen. De kolleksje omfettet in oantal bysûndere Aldfryske wetsteksten út de midsiuwen.
De provinsje en Tresoar hawwe de kolleksje 13 oktober yn Den Haag oanbean foar it UNESCO-programma. It Memory of the World-programma is in ynternasjonaal inisjatyf om weardefolle argiven, kolleksjes en wurken te bewarjen, tagonklik te meitsjen en der omtinken foar te krijen. Lannen kinne om de twa jier nominaasjes oandrage.
Under oaren it deiboek fan Anne Frank en it neilittenskip fan Aletta Jacobs binne ek opnommen yn it Memory of the World-programma.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Presintaasje nije útjeften Frysk en Frij

logo.ensafh

Op sneon 29 oktober hie de presintaasje plak fan sân Frysk en Frij-projekten. Dêr kamen sa’n njoggentich minsken op ôf. Binnenkoart komt dêr hjir wiidweidich ferslach fan.

Under de nije útjeften is De Sneinen – De Zondagen, de dichtbondel fan Aggie van der Meer út 2012 mei fersen op alle sneinen fan it jier, yn oersetting fan Catrinus Corporaal, Tytsje Hibma en Jan Popkema.
Johannes Willem Nieuwenhuis út Gryptsjerk frege Tytsje Hibma om dy poëzy yn it Hollânsk te fertalen en brocht dêrmei dit projekt oan it rôljen.
Hjirûnder in ympresje fan him oer de oanbieding:

Lês fierder by Frysk en FrijLês fierder

Teleks: Jou in bern in boek útwreide nei mear gemeenten

logo.ensafh

Dit jier slút ek gemeente Achtkarspelen oan by Jou in bern in boek, it inisjatyf om bern oan te moedigjen om Frysk te lêzen en te skriuwen. Al 16 jier krije de bern fan groep 5 yn gemeente Noardeast-Fryslân in Frysk boek kado fan gemeente Noardeast-Fryslân en Bibliotheken Noord Fryslân. No’t gemeente Achtkarspelen meidocht, wurde der sa’n 900 boeken útdield. Op 28 oktober rikte wethâlder Aant Jelle Soepboer de earste boeken út oan skoalbern yn Koatstertille.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder

Teleks: Petear mei Geart Tigchelaar

logo.ensafh

“It skriuwen sit yn my bebakt”, mar Geart Tigchelaar is ta oan wat oars

Geart Tigchelaar (1987) skriuwt romans, gedichten en makket oersettingen. Syn nijste projekt is de oersetting Hear fan ‘e miggen nei it Ingelske boek Lord of the flies fan William Golding. Oer it Frysk, skriuwen, muzyk, fytsen, miljeu, Denemarken en syn streekdichterskip praat er yn Noardewyn.
“It oersetten wie wol in drege put”, fertelt de yn Damwâld opgroeide Geart Tigchelaar. Hy hat der, al mei al, twa jier mei dwaande west. It idee foar de oersetting kaam by himsels wei. “Ik ha gelokkich in útjouwerij -Hispel – dy’t entûsjast oer myn wurk is.… Lês fierder

Teleks: LIT-UP, nij Europeesk projekt foar literatuerpromoasje

logo.ensafh

Kommend wykein giet op it Plaça del Llibre-boekfestival yn Valencia in nij Europeesk projekt foar literatuerpromoasje fan start, yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature. It ynternasjonale projekt LIT-UP rjochtet him op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring.

Doel is om yn ’e mande mei seis oare Europeeske partners ta strategyen te kommen om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk, en dêrta in duorsum ynternasjonaal netwurk op te bouwen. De oare partners yn it projekt binne organisaasjes út Kataloanië, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.… Lês fierder