Op it plak dêr’t no it gebou fan Tresoar stiet, wie oant 1968 in romroft kafee. Ast De Gouden Leeuw ynkaamst, wie it as hie de klok fyftich jier stilstien. It wie in stamkafee foar buertbewenners yn de earder sa libbene buert oan de foet fan de Aldehou. Opfallend detail: yn it kafee stie wol in lêstafel, mar ien sûnder lektuer. Mar lit de Fryske literatuer no krekt de reden wêze foar it iepenjen fan dit Kafee by Tresoar!
Lês en sjoch fierder by Tresoar… Lês fierder