Teleks: Tialda Hoogeveen nije Berneboeke-ambassadeur

logo.ensafh

Tialda Hoogeveen is fan takom jier ôf Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sa is hjoed by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink bekendmakke. Fan jannewaris 2023 ôf sil Hoogeveen twa jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân Lida Dykstra op.

Tialda Hoogeveen: “Ik fyn it in hiele eare om Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân te wêzen. Ferhalen ferbine ús mei-elkoar en mei de wrâld. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden. Der is in berneboek foar elkenien, foar bern én folwoeksenen, dêr bin ik wis fan.”… Lês fierder

Aginda 28-10-2022: Frysk Boekefeest, start Fryske Boekewike 2022

logo.ensafh

 

Op freedtejûn 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022 fan 28 oktober o/m 3 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’ fan Ferdinand de Jong presintearre wurde.

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma en der is muzyk fan ‘Las Bandidas’. It Frysk Boekefeest wurdt dit jier holden yn sealesintrum ‘Hof van de Koning’ op it Hearrenfean. Om 19:30 gean de doarren iepen, it programma begjint om 20:00 oere. De tagong is fergees, elkenien is fan herte wolkom.

De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân.… Lês fierder

Teleks: Utstalling Trinus Riemersma yn Frjentsjerter biblioteek

logo.ensafh

Yn oanrin nei de Trinus Riemersmadei op 22 oktober komt der in unike útstalling oer libben en wurk fan Trinus Riemersma yn de Frjentsjerter biblioteek. Wethâlder Jan Dijkstra docht de iepening op 30 septimber.

Trinus Riemersma (1938 – 2011) is ien fan de grutste Fryske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldoarloch. Hy wenne en wurke it grutste part fan syn libben yn Frjentsjer. By it domein Letter & Geast fan de Academie van Franeker ûntstie ferline jier it idee om it wurk fan Riemersma yn de skynwerpers te setten. “Riemersma fertsjinnet dat”, seit âld-heechlearaar Frysk Rolf Bremmer, sels lid fan L & G.… Lês fierder

Teleks: Folle minder doarpen dogge mei oan jierlikse Sutelaksje mei Fryske boeken

logo.ensafh

De Sutelaksje mei Fryske boeken wurdt dit jier yn folle minder doarpen hâlden. Wiene der by eardere edysjes in stik as sechtjin doarpen dy’t meidiene, no is dêr noch mar ûngefear de helte fan oer.
By de tradisjonele Sutelaksje fan Stichting It Fryske Boek giene frijwilligers mei kroaden en boeken de hiele provinsje troch. De lêste jierren dogge ferieningen en klups de ferkeap fan boeken en sy meie as fergoeding 25 prosint fan de opbringst hâlde foar de eigen klupkas.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: 200 jier De Lapekoer: Leauwe yn ‘e 19e iuw

logo.ensafh

Op it kongres ‘Frisian Humanities’ wiene der lêzings wijd oan 200 jier De lapekoer. Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy hold doe in lêzing oer de tematyk dêr’t ek syn stik yn ‘Utljochte’ oer giet.

Joast Halbertsma wie dûmny by de menisten (‘doopsgezinden’), in protestantske tsjerkerjochting stifte troch de Fries Menno Simons. Yn it wurk fan Halbertsma fernimt men lykwols amper wat fan syn leauwe. Hoe kin dat?

Lês fierder by SirkwyLês fierder