Kommend wykein giet op it Plaça del Llibre-boekfestival yn Valencia in nij Europeesk projekt foar literatuerpromoasje fan start, yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature. It ynternasjonale projekt LIT-UP rjochtet him op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring.
Doel is om yn ’e mande mei seis oare Europeeske partners ta strategyen te kommen om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk, en dêrta in duorsum ynternasjonaal netwurk op te bouwen. De oare partners yn it projekt binne organisaasjes út Kataloanië, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.… Lês fierder