Teleks: Skriuwersboun pleitet foar mear omtinken foar Fryske literatuer by de polityk

logo.ensafh

It Skriuwersboun stjoerde alle partijen dy’t yn de Fryske Steaten aktyf binne in stik ta oer de Fryske literatuer. Mei de bedoeling dat partijen dy tekst opnimme yn har ferkiezingsprogramma foar 2023. It Bûn fynt dat de Provinsje mear dwaan moat foar de Fryske Skriuwerij. Skriuwers, dichters en oersetters binne neffens it Bûn de minsken dy’t soargje foar ûnderhâld en ynnovaasje fan it Frysk as kultuertaal. It Provinsjaal belied is rjochte op in steviger posysje foar de Fryske taal. Dan kin it net sûnder in steviger belied om it lêzen en skriuwen yn dy taal (“ús grutste kultuerskat”). No is der út de polityk wei amper omtinken foar de literatuer, en dat moat oars, fynt it Skriuwersboun.… Lês fierder

Teleks: Feitsma-biografy op Frisian Humanities-konferinsje presintearre

logo.ensafh

Yn Ljouwert is woansdei de twadde Conference on Frisian Humanities begûn. Op de konferinsje binne yn trije dagen 75 wittenskiplike presintaasjes op it mêd fan de Fryske taal, Fryske skiednis en Fryske literatuer.
It giet dêrby net allinnich om Fryslân yn Nederlân, mar ek om East-Fryslân en Noard-Fryslân yn Dútslân. Sprekkers komme ûnder oare út Fryslân, Baskelân, Dútslân, Italië en Amearika.
Wichtige tema’s op de konferinsje binne Fryslân yn ‘e midsiuwen, de lapekoer fan Gabe Skroar, de takomst fan de Fryske letterkunde en it Sealterfrysk, de lytse Fryske taalfariant dy’t yn Nedersaksen yn fjouwer doarpen sprutsen wurdt.
Biografy oer Tony Feitsma
Op de earste dei giet de measte belangstelling út nei de presintaasje fan de tsjokke biografy oer professor Tony Feitsma mei as titel ‘Pionier foar it Frysk’.… Lês fierder

Teleks: Het kinderboekenweekgeschenk krijgt dit jaar voor het eerst een Friese vertaling

logo.ensafh

Het Kinderboekenweekgeschenk van de Australische bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton, bekend van de populaire reeks De waanzinnige boomhut, krijgt ook een Friese vertaling.

Naast dat het in de 68-jarige geschiedenis van de Kinderboekenweek de eerste keer is dat een buitenlandse auteur en illustrator het geschenk verzorgen, is het ook een primeur dat er een Friese variant van verschijnt, met als titel: Beamhutferhalen, te healwiis om te fertellen – oant no ta!

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder

Teleks: Ek yn 2023 komt de Sutelaksje by jo del!

logo.ensafh

De earste Sutelaksjes fan 2023 stean alwer yn ‘e aginda, mar ek yn oktober en novimber dit jier komt it Fryske boek by jo oan ‘e doar! Op 4 oktober wurdt der troch IIsklup Jorwert sutele yn Jorwert, op 8 oktober komt Filmkafee Bagdad mei Fryske boeken del yn Wergea, op 14 oktober sutelet muzykferiening Crescendo yn Holwert en op 5 novimber is it de bar oan toanielferiening Rjocht en Sljucht yn Gersleat! Sjoch foar aktuele data, tiden en updates op www.sutelaksje.nl.

In moaie ynstruier foar jim klup!
Op www.sutelaksje.nl is te sjen wêr en wannear’t de Sutelaksje by dy yn ’e buert is.… Lês fierder

Aginda 22-10-2022: Trinus Riemersma-evenemint yn Frjentsjer

logo.ensafh

Frjentsjer yn it teken fan Trinus Riemersma

Trinus Riemersma (1938-2011) wenne en skreau it grutste part fan syn libben yn Frjentsjer, oant syn dea. Yn dy stêd is sneon 22 oktober in dei wijd oan dizze wichtige skriuwer mei tal fan aktiviteiten om syn libben en wurk hinne.

Doeke Sijens wurket al in skoft oan de biografy fan Riemersma en makket dêrfoar geregeld gebrûk fan it argyf dat by Tresoar bewarre wurdt. Op dizze dei fertelt er oer it boek dat begjin takom jier ferskynt. Op de Riemersmadei wurdt in nije útjefte fan De Reade Bwarre (1992) oanbean, omstavere nei de Fryske standertstavering troch skriuwster en oersetster Jetske Bilker.… Lês fierder

Teleks: Unike lûdsopnamen digitalisearre: sa praten Friezen hûndert jier ferlyn

logo.ensafh

It Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) hat in rige lûdsopnamen út 1927 digitalisearje litten. Dêrop is te hearren hoe’t hûndert jier lyn Frysk praat waard. De opnamen binne fan no ôf ek online te beharkjen.
It giet om de âldste opnamen fan de trije Fryske talen: it Westerlauwersk Frysk, it Noardfrysk en it Sealterfrysk. Dy opnamen steane op 75 skellakplaten, ek wol 78 toerenplaten neamd. De platen hawwe sawat in iuw yn de opslach lein, earst by de Provinsjale Biblioteek (PB) en letter by Tresoar.

Polygoansjoernaal yn it Frysk’
Foar it digitalisearjen wurke it FFAA gear mei de Fryske Akademy (FA) en Tresoar.… Lês fierder

Teleks: Tsead Bruinja tekenet ferhalen âldere Friezen op

logo.ensafh

Fan 6 septimber ôf lûke dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen by wensoarchynstellingen yn Fryslân del om ferhalen fan âldere Friezen op te tekenjen. Bruinja begûn mei ‘Portretten in Poëzie’ doe’t er Dichter des Vaderlands wie. Troch Ljouwert UNESCO City of Literature kin it projekt no trochgean.

Tsead Bruinja wie yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands. Yn jannewaris 2019 joech er in workshop oan trije âlderen yn Dokkum. Hy prate mei harren oer frijheid, it tema fan de Poëzijwike fan dat jier, en se makken dêr tegearre gedichten by. Yn 2019 wurke er it projekt út foar oare soarchynstellingen yn Fryslân.… Lês fierder