Dichter Syds Wiersma út Ljouwert sil ein augustus optrede op in
ynternasjonaal poëzyfestival yn Slovenië. De oanwêzige dichters drage
fan 22 oant 27 augustus op ferskate plakken foar. It festivalhert is yn
it histoaryske stedsje Ptuj yn Noardeast-Slovenië. Ptuj hat in
wynboutradysje dy’t weromgiet oant de Romeinske tiid. It festival tanket
syn namme dêroan: ‘Days of Poetry and Wine’.
It Sloveenske poëzyfestival wurdt foar de 26ste kear holden, dizze kear
mei tweintich dichters út tsien lannen. Wiersma treedt fjouwer kear op.
Yn Selce, Murska Sobota en Ptuj (dêr twa kear: yn de tunnel ûnder it
kastiel en op it haadpoadium op de stedsmerk).… Lês fierder