Fan 6 septimber ôf lûke dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen by wensoarchynstellingen yn Fryslân del om ferhalen fan âldere Friezen op te tekenjen. Bruinja begûn mei ‘Portretten in Poëzie’ doe’t er Dichter des Vaderlands wie. Troch Ljouwert UNESCO City of Literature kin it projekt no trochgean.
Tsead Bruinja wie yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands. Yn jannewaris 2019 joech er in workshop oan trije âlderen yn Dokkum. Hy prate mei harren oer frijheid, it tema fan de Poëzijwike fan dat jier, en se makken dêr tegearre gedichten by. Yn 2019 wurke er it projekt út foar oare soarchynstellingen yn Fryslân.… Lês fierder