Teleks: Arjen Dijkstra nije direkteur fan Tresoar

logo.ensafh

Arjen Dijkstra nije direkteur fan Tresoar

“It laket my ta!”

Tresoar is der bliid mei om mei te dielen dat it Algemien Bestjoer Arjen Dijkstra (1979) as nije direkteur beneamd hat! Dijkstra begjint op 1 oktober 2022 by Tresoar. Hy folget Bert Looper op, dy’t ferline jier july syn direkteurstaken dellei. It ôfrûne jier is er ferfongen troch Rien Vrijenhoek (a.i.).

Arjen Dijkstra is no noch direkteur fan it Universiteitsmuseum fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG). Yn dy funksje begelate er de werynrjochting fan it museum. Hy sette him boppedat yn om it publyk by de wittenskip te belûken. Ek advisearre er it kolleezje fan bestjoer fan de Grinzer universiteit op dat mêd.… Lês fierder

Teleks: Sigrid Kingma oer Diet Huber

logo.ensafh

Dizze maitiid soe de Simke Kloostermanpriis útrikt wurde oan I.E. Bloem foar It neidiel fan ‘e twivel, mar dat gie troch omstannichheden net troch. Dy priis is foar oarspronklik Frysktalige berne- en jeugdboeken. Ien dy’t in soad foar de Fryske berneliteratuer betsjutten hat, is Diet Huber (1924-2008). Dêr komt by dat dit jier ek foar it earst de Diet Huberpriis takend wurdt, oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm ferskynd Frysk berneboek. Dêrom is in nij dossier oer Diet Huber oanlein. Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, is de ôfrûne tiid yn gien op it wurk fan Huber.… Lês fierder

Teleks: Bibliotheken stimuleren kinderen om te blijven ‘Vakantielezen’

logo.ensafh

Sins juli hebben 93 bibliotheekorganisaties in heel Nederland de zomerleescampagne voor kinderen gelanceerd: Vakantielezen. De campagne is gericht op kinderen van 6 tot 9 jaar en stimuleert hen om tijdens de vakantie vooral te blijven lezen. Zes bekende kinderboekenauteurs schreven speciaal voor dit leesproject verhalen. Gedurende de hele zomer kunnen kinderen met hun ouders via Vakantie-lezen.nl of in een deelnemende bibliotheek fictieve vakantielanden bezoeken om hun leesniveau spelenderwijs op peil te houden.

Lês fierder by NationaleboekenblogLês fierder

Teleks: LIT-UP – nij Europeesk projekt foar promoasje fan literatuer yn minderheidstalen

logo.ensafh

Boeken fan Fryslân en Ljouwert City of Literature binne sûnt dizze simmer partner yn in nij Europeesk projekt: LIT-UP. It doel? Ta nije strategyen komme om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk. De oare partners yn it projekt binne organisaasjes yn Kataloanië, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.

“It projekt rjochtet him op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring tusken de dielnimmende regio’s en de ferskillende beropsgroepen”, fertelt Mirjam Vellinga.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Sytse Jansma nei Transpoesie (bywurke)

logo.ensafh

Sytse Jansma nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Foar de tolfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuipers (2019), Nyk de Vries (2020) en Cornelis van der Wal (2021) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Sytse Jansma. Hy sil op 26 of 27 septimber in optreden fersoargje, yn it kader fan de Europeeske Dei fan ’e Talen. 

Sytse Jansma (1980) wennet yn Harns en dichtet net allinnich yn it Frysk en Nederlânsk, mar is ek byldzjend keunstner.

Syn Frysktalige debútbondel “Wa’t tate seit moat ek whisky sizze” kaam út yn 2008. Syn twadde bondel, “As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht”, út 2015, wie twatalich.Lês fierder