It Berneboekewikegeskink fan bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton, bekend fan de populêre rige De waanzinnige boomhut, krijt ek in Fryske fertaling. Neist dat it yn de 68-jierrige skiednis fan de Berneboekewike de earste kear is dat in bûtenlânske auteur en yllustrator it geskink fersoargje, is it ek foar it earst yn de skiednis fan de Berneboekewike dat der in Fryske fariant fan ferskynt.
Lês fierder by Boeken fan Fryslân… Lês fierder