De Diet Huberpriis: in priis ynsteld foar yllustratoaren fan Fryske berneboeken
Neist de Simke Kloostermanpriis foar de skriuwer fan it bêste Fryske berne- of jongereinboek is der no ek in priis foar de bêste Fryske yllustrator: de Diet Huberpriis. De priis is neamd nei (berneboeke)skriuwster en yllustratrise Diet Huber (1924-2008), bekend fan û.o. it faak werprinte Tutte mei de linten (1955; 12e printinge 2012). De priis, besteande út in bedrach fan € 2000 en in oarkonde, wurdt ienris yn de trije jier takend en is yn it libben roppen troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dy’t foar dit doel in anonime skinking krigen hat.… Lês fierder