Teleks: ûnbekende brief Douwe Kalma út 1922 wurdt iepene

logo.ensafh

No freed om 11.00 oere wurdt yn it Simke Kloostermanhûs yn Twizel in brief fan Douwe Kalma oan Jiffer Simke Kloosterman iepene, dy’t oan no ta net bekend wie. It poststimpel jout oan dat de brief út 1922 datearret en yn Fiesole (Itaalje) op de bus dien is. Kalma wie dêr doe op reis en hie in tal moetings mei de dichter-fasjist Gabriel d’Annunzio.

Foar dr. Jelle Krol, kenner fan libben en wurk as gjin oarenien fan Douwe Kalma, dy’t by de iepening fan de brief oanwêzich wêze sil, wie dizze ûnbekende brief in ferrassing. Hy ferwachtet – sjoen de keine relaasje tusken Simke Kloosterman en har eardere, folle jongere fiancé Douwe Kalma, dat de brief fral gean sil oer de besites dy’t Douwe Kalma mei d’Annunzio oan de archeologyske fynplakken by Fiesole brocht.… Lês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân draacht foar oan de Nederlânske ambassade fan Rome

logo.ensafh

Op tiisdei 12 april sil Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân in gedicht foardrage oan in delegaasje fan de Nederlânske ambassade fan Rome en Dutch Culture. De delegaasje bringt in besite oan tal fan ynstellings yn Fryslân. It gedicht fan de Dichter fan fryslân dat foardroegen wurde sil, wurdt nei alle gedachten ek oerset yn it Ladin en Furlan. Twa lytse talen út it noarden fan Italië.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Stimulearringsregeling Kultuer: Untwikkeling en Ynnovaasje

logo.ensafh

Profesjonele makkers en kulturele ynstellings dy’t warber binne yn Fryslân, kinne yn ’e beneaming komme foar in subsydzje út ’e regeling Stimulearringsregeling Kultuer – Untwikkeling en Ynnovaasje wei.

De regeling is opdield yn twa haadlinen: Untwikkeling en Utfiering. Op sa’n wize kin foar spesifike ûnderdielen wilens it kreative proses in oanfraach yntsjinne wurde. De measte regelings binne taspitst op íén ûnderdiel, bygelyks: it útfieren fan in teaterstik, mar fia dizze regeling kin ek in oanfraach yntsjinne wurde foar bygelyks in foarûndersyk of in pilotproduksje. Fierder biedt de regeling de mooglikheid om projekten troch te ûntwikkeljen nei in twajierrich programma. Troch te ynvestearjen yn kop en sturt, wolle Deputearre Steaten ta op in kwalitatyf heechweardich oanbod en profesjonalisearring fan makkers en kulturele ynstellings yn ’e provinsje Fryslân.… Lês fierder

Teleks: Presintaasje útstellen Skriuwersboun ‘Bettere beleanning foar Fryske skriuwers en effektivere promoasje Fryske boeken’

logo.ensafh

Bettere beleanning foar Fryske skriuwers en effektivere promoasje Fryske boeken

It Skriuwersboun hat ferline hjerst in kommisje ynsteld dy’t him dwaande holden hat mei de fraach: hoe komme wy ta in bettere beleanning fan Fryske skriuwers? De einrapportaazje mei in tal útstellen is troch it bestjoer fan it Skriuwersboun oernommen. It giet om konkrete en praktyske maatregels, dy’t relatyf ienfâldich te realisearjen binne.

De presintaasje dêrfan is op tongersdeitejûn 7 april 2022, 19.30 oere yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Foar de realisaasje derfan is meiwurking nedich fan:

– de leden fan it Skriuwersboun;
– de redaksjes fan (diels) Frysktalige tydskriften;
– de Omrop;
– organisaasjes dy’t literêre eveneminten organisearje;
– de provinsjale en regionale kranten;
– útjouwers;
– biblioteken;
– Tresoar;
– Boeken fan Fryslân;
– de provinsje Fryslân;
– minsken dy’t graach Frysk lêze meie.… Lês fierder

Teleks: Grut Frysk Diktee nei trije jier werom mei in nije edysje

logo.ensafh

Gnyskje, nútsjesmoar en krûpelhintsje. It Grut Frysk Diktee is werom mei in nije edysje. Dat is foar it earst sûnt It Grut Frysk Diktee yn 2018 op it Aldehoustertsjerkhôf wie, mei in rekôrtal dielnimmers.
Op tiisdei 17 maaie wurdt It Grut Frysk Diktee wer as fanâlds hâlden yn de steateseal fan it Provinsjehûs. Kwalifisearje foar it diktee kin fan hjoed ôf fia it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl.

De Hoop skriuwt de tekst

Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan de PvdA skriuwt de dikteetekst. De Hoop lit witte dat it diktee it tema ‘sport’ hat. ‘Ik fyn it in geweldige eare dat ik it diktee skriuwe mei.… Lês fierder