Teleks: CDA, FNP en BBB binne ree om te praten oer mear jild foar kultuersubsydzjes

logo.ensafh

Koälysjepartijen CDA, FNP en BBB yn Provinsjale Steaten wolle prate oer it ferheegjen fan it kultuerbudzjet. Dat is de wichtichste útkomst fan in kommisjegearkomste oer it ferdielen fan de kultuersubsydzjes.
Fan it simmer makke de provinsje de subsydzjeferdieling foar de kommende trije jier bekend. Dêrby foelen ferskate organisaasjes bûten de boat. Der wie tsien miljoen euro subsydzje beskikber, wylst der foar njoggentjin miljoen oanfrege wie.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Skelte Siweris Braaksma wint de twadde Diet Huber-Priis

logo.ensafh

SKELTE SIWERIS BRAAKSMA WINT DE TWADDE DIET HUBER-PRIIS

De priis foar it bêste yllustreare Fryske berne-en jeugdboek fan de ôfrûne trije jier giet nei Skelte Siweris Braaksma (*1995) foar syn graphic novel Redbad (Afûk, 2024).

Yn Redbad wurdt in byld sketst fan it libben fan de romrofte kening Redbad, basearre op de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra. Eardere boeken fan Skelte Braaksma binne De F.K.P. (2010), Fete (2019) en It blauwe hûs (2020).

Der wienen sa’n tsien boeken dy’t doar de priis yn ’e beneaming kamen. De sjuery hat unanym keazen foar it young adult stripboek Redbad ‘fanwege de bysûndere styl en útwurking, de krêftige yllustraasjesen it ierdske en donkere kleurgebrûk, fol mei ekspresje!’… Lês fierder

Teleks: Skriuwster Lida Dijkstra wint de Jonge Beckmanpriis mei boek oer Marco Polo

logo.ensafh

Skriuwster Lida Dijkstra fan De Knipe hat de Jonge Beckmanpriis wûn. Har histoaryske jeugdboek waard troch in bernesjuery útroppen ta de bêste fan dit jier.

Alle jierren wurdt njonken de Thea Beckmanpriis, foar it bêste histoaryske jeugdboek, ek de Jonge Beckmanpriis útrikt, dêr bestiet de sjuery út bern.

Dijkstra wist mei har boek De Wonderverteller de jonge lêzers te oertsjûgjen. Har boek giet oer de 13e-iuwske ûntdekkingsreizger Marco Polo

It wurdt ferteld út de eagen fan in jong famke dy’t as skjinmakster yn in Italiaanske finzenis wurket dêr’t Polo fêsthâlden wurdt.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Breimer, Tjeerdsma en Wiersma beneamd ta lid fan de Fryske Akademy

logo.ensafh

Op grûn fan harren bysûndere bydrage op it wittenskiplik dan wol maatskiplik mêd fan de Fryske taal, kultuer en Fryslân yn it algemien, hat it ûndersyksynstitút Fryske Akademy trije nije leden beneamd: em. prof. dr. Douwe Breimer, dokumintêremakker Piter Tjeerdsma en wittenskipper en dichter Syds Wiersma. 

Tjeerdsma en Wiersma hawwe op de 87e Akademydei harren ûnderskieding krigen út hannen fan Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Breimer sil op in letter momint yn it sintsje set wurde. 

De leden binne wichtich as ambassadeurs foar de Fryske Akademy, dy’t oantrune wurde om aktyf mei te tinken op it mêd fan it wittenskiplik ûndersyk en de maatskiplike posysje fan ‘e Fryske Akademy.Lês fierder

Aginda 02-11-2025: Frysk folksferhalefestival mei Ype Poortinga

logo.ensafh
Fryslân is in lân fan ferhalefertellers. Fan generaasje op generaasje waarden ferhalen oer de natuer, duvels, dieren, spûken en tsjoenders winterdeis by it hurdfjoer dield.
Benammen ‘op de heide’ wie in grutte rykdom fan ferhalen te finen. Stoere, sterke en spannende, mar ek oandwaanlike ferhalen as ferdivedearjend jûnspraat. Ferhalen mei nijsgjirrich meitsjende titels as ‘de jongfeint dy’t syn siel fuortstjoerde’, ‘de frou út de reinwettersbak’, ‘de ierdmantsjes dy’t in kreas frommes sjen woenen’ en ‘wêrom’t de earrebarre op ien poat stiet’.
Sjoch foar mear ynformaasje by Tresoar
Lês fierder

Aginda 01-11-2025: Literêre middei oer it wurk fan Durk van der Ploeg

logo.ensafh
Op sneon 1 novimber stiet de Fryske skriuwer Durk van der Ploeg (1930) sintraal op in literêre middei yn Tresoar. De noch altyd warbere skriuwer wurdt dit jier 95 en der ferskynt ek in nije roman.
Neist poëzy en novellen hat Van der Ploeg sa’n tritich romans skreaun. Yn 2011 krige er de heechste Fryske literêre ûnderskieding, Gysbert Japicxpriis, takend foar al syn proaza. De sjuery priizge him foar syn net ôflittende ynset, sawol op it mêd fan taalrykdom as ynset en belutsenheid om ta oansprekkend wurk te kommen.
As syn sûnens it talit, fertelt Durk van der Ploeg dizze middei sels oer syn wurk.
Lês fierder

Teleks: Alen Hrustic út De Jouwer wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2025!

logo.ensafh
Alen Hrustic (13) út De Jouwer wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2025, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 11 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit dat ek de Gysbert Japicxpriis útrikt wurde sil oan skriuwer Elmar Kuiper foar syn dichtbondel Ferlosboartsje.

Lytse Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis bestiet al sûnt 1947 en yn 2013 is ek de Lytse Gysbert Japicxpriis yn it libben roppen om bern yn ’e kunde komme te litten mei skriuwer en dichter Gysbert Japicx (1603-1666), de Fryske taal en de keunst fan it dichtsjen.
Lês fierder