Teleks: Tony Feitsmapriis 2025 foar jongerein

logo.ensafh

Tony Feitsmapriis 2025 foar jongerein

Der is in nije literatuerpriis foar de jongerein: de Tony Feitsmapriis. It giet om in priis foar poëzij en proaza (ferhalen en essees). De priis is in mienskiplik inisjatyf fan it Feitsma Fûns, de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en literêr tiidskrift Ensafh. De priisfraach stiet iepen foar jongerein en jongfolwoeksenen oant en mei 29 jier. De bedoeling fan de priis is benammen om it kreatyf skriuwen yn it Frysk te befoarderjen.

De Tony Feitsmapriis 2025 sil útrikt wurde op it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings yn Frentsjer op 29 desimber. It tema is dit jier lânskip.

Lês fierder

Teleks: Oprop oan skriuwers: Wa wol oan it wurk yn de arke fan Rink?

logo.ensafh

Yn 2026 sil de arke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea. 

Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en oare persoanlike kosten, is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt mei It Fryske Gea, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). Oars as oare jierren is de arke no ek beskikber yn’e maaitiid en by ’t hjerst en by’t winter. Lês fierder

Teleks: Linda de Haan nije Berneboeke-ambassadeur

logo.ensafh

Linda de Haan wurdt takom jier de nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Mei yngong fan jannewaris 2026 sil De Haan trije jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de eardere Berneboeke-ambassadeurs Lida Dykstra en Tialda Hoogeveen op.

Linda de Haan: “Dit ambassadeurskip fielt as in fanselssprekkende stap en komt op in prachtich momint yn myn karriêre. Alles wat ik de ôfrûne jierren sammele haw oan ûnderfining kin ik no ynsette, útbouwe en weromjaan oan de bern. Behalve op skoallen hoopje ik ek lêswille te fersprieden op plakken dêr’t lêzen en selsfertrouwen net altyd fanselssprekkend binne, want lêswille is ek de springplanke nei libbenslok.”… Lês fierder

Teleks: NOORDWOORD: literêr talint út Noard-Nederlân socht

logo.ensafh

Wolsto dy ûntwikkelje as skriuwer, oftst no skriuwst foar it meitsjen fan in performance, roman, skript, bondel, podcast of oare literêre foarm? Rinsto om mei in holle (of notysjeboek) fol goede ideeën dysto no einlings ris echt realisearje wol?

Fielst datst begelieding brûke kinst om dy fierder te helpen yn dyn profesjonalisearring? Wolst dêrneist ek nochris bouwe oan dyn regionale én lanlik netwurk? Meld dy dan oan foar ít nije talintenetwurk fan Noard-Nederlân!

Lês fierder by GoeieLês fierder

Aginda 09-11-2025: De Gjalp

logo.ensafh

Bêste literatuerleafhawwers,

Wy nûgje jimme fan herten út foar in foarstelling mei de earste risseltaten fan De Gjalp – in projekt fan de Moanne, Ensafh en RIXT dat de Fryske literatuer op nije plakken in stim jaan wol.

Dizze earste Gjalp ferbynt dichters en skriuwers mei film en biedt harren in poadium op it Noordelijk Film Festival (NoFF). Nei in iepen oprop binne tsien makkers selektearre. Sy hawwe harren plannen útwurke en sille dy no meiinoar op it NoFF presintearje. Fan poëzyfilms mei byld út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) oant eksperiminten op it snijflak fan tekst, lûd, byld en fisuële keunst.… Lês fierder