Hjoed, op 11 novimber 2021, wurdt skriuwer Meindert Bylsma 80 jier. Om dat feit te fieren begjint Tresoar op dizze dei mei in nij dossier op Sirkwy oer de skriuwer. Arjan Hut hat de poëzy fan Bylsma (wer) lêzen en hat dêr in skôging oer skreaun. Dy skôging wurdt yn trije stikken publisearre op Sirkwy. Dêrneist wurdt in ferskaat oan byldmateriaal fertoand.
Meindert Bylsma waard berne op 11 novimber 1941 yn Wergea. Nei de middelbere skoalle folge er de oplieding ta ûnderwizer oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Doe’t er út militêre tsjinst kaam, begûn Meindert Bylsma syn wurkpaad yn it ûnderwiis oan in legere skoalle yn Drachten.… Lês fierder
