Dit jier sil foar de achtste kear de iennichste toanielskriuwpriis fan Fryslân útrikt wurde. Kandidaten kinne o/m woansdei 1 septimber 2021 harren manuskripten ynleverje.
Ien kear yn de trije jier wurdt de Fedde & Martha Bergsma Priis takend oan de skriuwer fan de bêste, oarspronklik Fryske toanieltekst. Oan de priis is in bedrach ferbûn fan € 1000,-. Yn oanmerking komme allinich oarspronklik Frysktalige toanielstikken dy’t skreaun binne tusken 2017 en 2021. Of it stik al of net opfierd of publisearre is, is net fan belang. Net allinnich de skriuwers, ek ‘tredden’ kinne it wurk fan in toanielskriuwer ynstjoere. It wurk sil troch de sjuery besteande út: Bouke Oldenhof (winner fan de priis yn 2017), Gerrit Hoekstra en Tsjerk Bottema, beoardield wurde.… Lês fierder