Teleks: Gebruik WeTransfer afgeraden

logo.ensafh

Bestandendeeldienst WeTransfer heeft zijn gebruikersvoorwaarden aangepast. Het bedrijf kan zich daardoor bestanden toe-eigenen die via hun dienst worden verstuurd. Na ophef hierover is een passage over AI-toepassingen uit de voorwaarden geschrapt, maar nog altijd mag het bedrijf volgens de voorwaarden gedeelde documenten gebruiken om de service te optimaliseren.

Lês fierder by de AuteursbondLês fierder

Teleks: Bysûndere fynst: 150 jier âlde teksten fan ferneamde Grouster skriuwers fûn

logo.ensafh

Neam it gerêst in bysûndere literêre fynst. Sa’n 150 jier nei it ferskinen fan it ferneamde ‘Rimen en Teltsjes’ binne der nije teksten opdûkt fan de trije skriuwende bruorren Halbertsma út Grou.
De fynst is dien troch Philippus Breuker, âld-heechleraar Fryske Taal- en Letterkunde oan de universiteit fan Leiden. Hy fûn sechstich ûnbekende, noch net publisearre teksten yn argiven fan Tresoar en partikulieren.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Seis winners fan Rely Jorritsmapriis 2025

logo.ensafh

Trije ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Blineman’ fan Gertrud Palstra (Ljouwert), ‘In simmerjûn yn Seachlum’ fan Gerrit Hoekstra (Winsum) en ‘Psych Aid’ fan Sytse Jansma (Harns).

De winnende gedichten binne ‘Refleksje’ fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), ‘Meiboartsje’ fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl) en ‘De swimmers’ fan Tryntsje van der Steege (Nijegea).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 71ste kear útskreaun waard, wienen 90 ynstjoeringen ynkommen, te witten 43 ferhalen en 47 gedichten. De sjuery bestie diskear út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman.… Lês fierder

Aginda 13-11-2025: Eksposysje omslaggen Fryske dichtbondels: ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’

logo.ensafh

Op tongersdei 13 novimber om 15.30 oere iepenet de Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, tidens it literatuerfestival Meet Me at the Lightgouse syn ekposysje ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ – Fryske dichtbondels oan de bûtenkant, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties.

De Dichter fan Fryslân socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne hûndert jier ferskynden.

Net elkenien kin Frysk lêze en poëzij is in sjenre dat selden it grutte publyk berikt. Mar byldtaal is in stik universeler. In omslach kin je yn krekt sa’n steat fan betsjoening bringe as in byldzjende tekstrigel.

Sjoch foar mear ynformaasje by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Sprekende stiennen krije nije ferhalen

logo.ensafh

Yn de binnenstêd fan Ljouwert binne sûnt 2022 saneamde ‘sprekkende stiennen’ te finen. Dizze stiennen gesichten binne foarsjoen fan in QR-koade. Wa’t se scant, heart in persoanlik ferhaal oer iensumens. Op tongersdei 3 july binne by Kunstruimte H 47 acht nije ferhalen en gedichten presintearre. De teksten binne skreaun troch Anne Goaitske Breteler, Peter van Lier, Gerard de Jong en Iris Dicke. Se praten hjirfoar mei ynwenners fan de stêd. De nije ferhalen binne fan hjoed ôf fia de stiennen yn de stêd te beharkjen.

Sprekende stiennen is it literatuerprojekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature dat giet oer iensumens. It projekt is yn de earste edysje fan Arcadia begûn as ûnderdiel fan it programma Over de drempel.… Lês fierder