Dichteresse Ina Schroders-Zeeders is offisjeel ynstalearre as “Dichter van Terschelling” troch wethâlder Haringa fan de gemeente Skylge. Sy krige dêrfoar in spesjaal spjeldsje om te dragen by optredens yn dy rol.
Lês fierder by RIXT… Lês fierder
Dichteresse Ina Schroders-Zeeders is offisjeel ynstalearre as “Dichter van Terschelling” troch wethâlder Haringa fan de gemeente Skylge. Sy krige dêrfoar in spesjaal spjeldsje om te dragen by optredens yn dy rol.
Lês fierder by RIXT… Lês fierder
Ik bin der lilk oer -en ha der sels wekker fan lein- dat minister Hugo de Jonge sa kwetsend oer kultuer praat.” De jonge publisiste en kultuermakker makke har sa lilk oer it trage tempo dêr’t de kultuer wer romte yn krijt fanwege corona. Benammen de opmerking fan de minister dat jo ek wol in DVD-tsje opsette kinne fan it ien of oar, rekke Breteler bot.
Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
In part fan de Tresoar-argiven fan Fryske notarissen út it ferline moat aanst maklik troch te sykjen wêze. Dat moat barre mei in automatyske hânskriftlêzer, ûnderdiel fan it lanlike projekt ‘De ijsberg zichtbaar maken.’ It moat it begjin wêze fan in revolúsje yn argyfûndersyk, sa hopet ek Tresoar.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Begin deze week concludeerde Henk Wolf op deze plaats dat we in de frisistiek al jaren ziende blind zijn, en dat het Fries vermoedelijk niet twee regelmatige werkwoordsklassen heeft, maar drie. Die derde klasse zou een soort mix zijn van klasse I en II, en alleen werkwoorden met een onbeklemtoonde klinker aan het eind van de stam betreffen, zoals bijvoorbeeld tekenje of ferwolkomje.
Lês fierder by Anne Merkuur op Neerlandistiek… Lês fierder
Spesjaal foar Poetry International makke Nyk de Vries, tegearre mei it Rotterdamske Artvark Saxophone Quartet, de poëtyske muzykfoarstelling ‘TAGELYK’. De foarstelling is yn it Nederlânsk en it Frysk en is ûnderdiel fan it iepeningsprogramma fan Poetry International op freed 11 juny.
Nei ferwachting sil de Dichter fan Fryslân op snein 6 juny in try-out jaan yn de Lawei yn Drachten. Op sneon 12 juny is de foarstelling ek te sjen yn Theater Walhalla yn Rotterdam.
Boarne: Dichter fan Fryslân… Lês fierder
Gerard de Jong út Ljouwert sil yn de gemeente Waadhoeke oan ’e slach as meartalichheidskoördinator. Om de fjouwer talen yn de gemeente de goede posysje, oandacht en sichtberens te jaan, is der ferlet fan in sterke en stabile ferbining mei partners yn it fjild. In meartalichheidskoördinator kin dêrfoar soargje.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
Der binne wer twa nije bydragen pleatst yn it dossier oer 100 jier Tiny Mulder. Studinten fan de learare-oplieding Frysk oan de NHL Stenden Hegeskoalle hawwe ferskate gedichten fan Tiny Mulder foardroegen. In pear wiken wiene de earste resultaten te hearren en besjen. No folget de rest fan de foardrachten. Dêrneist is der in ‘picture poem’ oer in gedicht fan Mulder pleatst.
Lês en sjoch fierder by Sirkwy… Lês fierder