Nijs
Teleks: Nasjonale Berneboekewike: feestlike oanbieding Frysk printeboek ‘De kening sûnder hynder’
Op de earste dei fan de Kinderboekenweek 2025 (1 o/m 12 oktober) krigen alle bern fan groep 3 fan IKC De Oldenije in earste eksimplaar fan it printeboek ‘De kening sûnder hynder’. Nimmen minder as Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen bea it earste eksimplaar oan.De Fryske oersetting fan it printeboek ferskynde yn opdracht fan Boeken fan Fryslân yn gearwurking mei de CPNB en is in oersetting fan it oarspronklike Nederlânsktalige printeboek ‘De koning zonder paard’ fan Levina van Teunenbroek, it printeboek fan de Kinderboekenweek 2025. De yllustraasje binne fan Charlotte Bruijn.
Lês fierder by Boeken fan Fryslan… Lês fierder
Teleks: ‘Alles goed’, nij gedicht Dichter fan Fryslân
‘Alles goed’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
De Dichter van Fryslân, Arjan Hut: “Under de yntroduksjewiken yn Ljouwert wie der ekstra omtinken foar mentale sûnheid ûnder studinten. In soad minsken fine it net maklik om oer mentale klachten en problemen te praten.”
De Nederlânske oersetting troch Jantsje Post en de Ingelske oersetting fan David Colmer binne werom te lêzen op dizze webside.
Lês fierder b y Dichter fan Fryslân… Lês fierder
Teleks: Lida Dijkstra wint Gouden Griffel met De wonderverteller
De wonderverteller van Lida Dijkstra is vandaag bekroond met de Gouden Griffel, de prijs voor het beste kinderboek van het jaar. Dijkstra werd verrast bij een schrijversbezoek. De kinderen in de klas wisten wel wat er stond te gebeuren, maar Dijkstra werd verrast door de komst van Noraly Beyer die het goede nieuws kwam brengen. Een ongelofelijk grote, ongelofelijk gevaarlijke leguaan, geïllustreerd door Natascha Stenvert, is bekroond met het Gouden Penseel 2025. Het boek is geschreven door Pim Lammers.
Lês en sjoch fierder by Tzum… Lês fierder
Teleks: Steatekomitee Frysk set Stim fan Fryslân yn foar inisjatyfútstel
Fan septimber 2025 oant en mei maart 2026 wurde de ynwenners fan Fryslân troch it Steatekomitee Frysk útdage om mei te tinken oer de takomst fan it Frysk. Om ynwenners aktyf te beheljen by it proses, sil it Steatekomitee it online platfoarm Stim fan Fryslân ynsette.
Stim fan Fryslân is spesjaal ûntwikkele om boargers mear ynfloed te jaan op it belied fan de provinsje en biedt romte foar ideeën, diskusjes en ynspraak, yn dit gefal oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer. Om minsken te wizen op de mooglikheid om mei te praten, wurdt de kampanje ûnder de oandacht brocht fia sosjale media, adfertinsjes en posters.… Lês fierder
Teleks: Earste Deade Dichters Deklamatoarium falt yn goede ierde
Yn in folle Johannestsjerke yn Weidum is ôfrûne sneintemiddei it earste Deade Dichters Deklamatoarium (DDD) fan Fryslân holden. Njoggen betûfte dichter-foardragers setten de poëzy fan tolve ferstoarne Fryske dichters yn it ljocht. De muzikanten Axl Hofstede en Wilco Hoekstra soargen foar de muzikale yntermezzo’s en waarden ek ynset om guon foardragers te begelieden. Dichter fan Fryslân Arjan Hut presintearre de middei en ljocht, lûd en bylden wiene yn hannen fan Bob de Boer Productions.
It gie yn dizze earste edysje om wurk fan dichters dy’t yn de ôfrûne tsien jier ferstoarn binne. Willem Abma, Jelle Kaspersma, Tsjisse Hettema, Jan Dotinga, Josse de Haan, Hindirk Hannema, Bartle Laverman, Aggie van der Meer, Abel Oostra, Jacobus Q.… Lês fierder
Aginda 05-10-2025 o/m 11-10-2025: Gysbert Japicxpriiswike
Yn de wike foarôfgeand oan de útrikking binne ferskate literêre aktiviteiten om de winner fan de Gysbert Japicxpriis en it wurk yn it sintsje te setten. Tresoar wurket dêrfoar gear mei partners as de Moanne, Leeuwarden Unesco City of Literature, Explore the North, de Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân en De Tiid.
Sjoch foar it oersjoch fan de aktiviteiten by Tresoar.… Lês fierder
…