Teleks: Pippi-oersetter Martsje de Jong oer ‘Pippi Langkous’

logo.ensafh

‘Oan it begjin fan it ferhaal is Pippi Langkous acht jier. Mar dit jier wurdt se 75! 75 jier en noch altyd populêr. Dat komt om’t it hiele knappe ferhalen binne. Anargistysk. De humor dy’t deryn sit is universeel. It leuke fan Pippi is dat se rap fan tonge is en de gek hat mei folwoeksenen. De grutte minsken yn it ferhaal binne net te fertrouwen – útsein de mem fan Tommy en Annika dan. De skriuwster, Astrid Lindgren, fûn datst bern serieus nimme moatst. Dat se mear kinne as datst tinkst.’

Lês fierder by Heit & MemLês fierder

Aginda 05-03-21: Presintaasje nije roman Geart Tigchelaar

logo.ensafh

Op 5 maart presintearret Geart Tigchelaar syn twadde roman, Om. Mei gastoptredens fan Elmar Kuiper en Jan de Vries sil de presintaasje digitaal plakhawwe op de Facebookside en it Youtubekanaal fan de Afûk.

Geart en syn fyts. Stadichoan is dat in bekend span wurden. Yn Om hat er inkelde ûnderfinings dy’t er ûnderweis opdien hat, ferwurke ta in – sa’t er it sels neamt – psychologyske fytsroman. Stap by haadpersoan Ate efterop en fyts mei troch Dútslân, Denemarken en Sweden. Ate is nammentlik fan doel en fyts nei de Noardkaap, om sa ôf te weven mei syn ferline.

Lês en sjoch fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Petear mei skriuwer Paul van Dijk oer ‘Omke Ûle past op’

logo.ensafh

‘Dit is myn earste printeboek. Ik woe wat moais meitsje foar ús soan Hidde, dy’t no seis jier is. Dat waard Omke Ûle past op. Ik ha earst it ferhaal betocht en op rym skreaun. Doe’t ik dêr tefreden oer wie, ha ik de yllustraasjes derby makke. It is echt in printeboek foar pjutten en beukers, mei in soad byld en net tefolle tekst.’

‘Ik kin net op in keammerke sitten gean en op kommando in ferhaal betinke, dat wurket foar my hielendal net. In idee foar in boek komt spontaan omheech buorreljen. Dat is moai, mar ek ûnhandich, want meastal bart soks as it my hielendal net útkomt.… Lês fierder

Teleks: De grauwe himel fan Foudgum: omtinken foar Piet Paaltjens

logo.ensafh

Foar Johannes Keekstra steane 2021 en 2022 yn it teken fan François Haverschmidt (1835-1894), de dûnmy-dichter fan Ljouwert dy’t bekend waard ûnder de namme Piet Paaltjens. Yn novimber wol er in boek oer Haverschmidt klear hawwe: Onder Frieslands grauwe hemel. En yn 2022 moat der in teäterproduksje komme by de tsjerke fan Foudgum.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Wrâldmienskip moat kommende tsien jier teset oer lytse talen

logo.ensafh

Fan takom jier ôf moatte alle lannen hurd oan it wurk om har autochtoane minderheidstalen har gerak te jaan. Dan begjint it ‘desennium fan de lânseigen talen’. Dat is in grut, wrâldomfiemjend projekt fan ‘e Feriene Naasjes.

In grut part fan ‘e talen dy’t op it stuit praat wurde, is faai. As der net folle mear dien wurdt om dy talen oerein te hâlden, is de helte derfan oer hûndert jier fuort. It belied dat lannen op it stuit fiere, docht gjin fertuten. Dêrom moat it roer om.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: It Dockumer Lokaeltsje wint Bernlefpriis 2020

logo.ensafh

De band It Dockumer Lokaeltsje is de winner fan de Bernlefpriis 2020. Dy priis waard op sneon 20 febrewaris útrikt op in spesjale digitale edysje fan de Frysk Popawards. Gitarist Sytse van Essen en sjonger/bassist Peter Sijbenga krigen in sjek fan € 1500 en in byldsje. Fritz de Jong koe net oanwêzich wêze by it oerlangjen fan de priis.

De Bernlefpriis fan de provinsje Fryslân wurdt alle jierren útrikt. De provinsje wol mei dy priis de Fryske taal yn de popkultuer in stimulâns jaan. Oare nominearre kandidaten wiene it krossoverprogramma fan Liet, it duo Weima en Van der Werf en it ensemble Piiptsjilling.… Lês fierder