Startsubsydzje Provinsje Fryslân foar Frysk Audio Argyf
Provinsje Fryslân hat it Frysk Film Argyf in startsubsydzje ferliend foar de realisaasje fan in Frysk Audio Argyf yn de perioade 2021-2024. Tresoar draacht ek finânsjeel by oan it projekt. It Frysk Film Argyf hie al langer de ambysje om njonken film- en fideomateriaal ek wichtich Frysk audio erfgoed te argivearjen en foar in breed publyk tagonklik te meitsjen. Oant no ta ûntbrutsen dêr de finânsjele middels foar.
Fryslân hat rike audiokolleksjes dy’t net of hast net bekend binne. Se lizze ferburgen yn de depots fan Tresoar en oare Fryske musea en erfgoedynstânsjes. Dat sil no oars.… Lês fierder