Teleks: Befrijing yn de Fryske literatuer ‘Mieren en poepen yn ‘e Fryske letteren’

logo.ensafh

Nije bydrage yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer, fan Bouke Slofstra: ‘Mieren en poepen yn ‘e Fryske letteren’.

Bouke Slofstra: “De Fryske skriuwerij beweecht him yn in meartalige kontekst, lykas de Fryske taal sels. It paradoksale dêrfan is dat dy meartaligens him likegoed yn ’e kontekst fan de Fryske skriuwerij beweecht. In skriuwer kin in oarstalich personaazje wol of net yn syn eigen taal sitearje, en dat kin er op ferskate wizen dwaan. Dêrmei kin de skriuwer in bepaald effekt berikke, of net. Dat personaazje kin op ferskate wizen typearre wurde, mei of sûnder apart taaltsje.”

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân op ‘Poetry on Impact’

logo.ensafh

Tidens de wike fan de poëzij, op lanlike Gedichtedei, tongersdei 28 jannewaris, bringt Poetry International alle dagen oanslutend op it nijs fan acht oere ‘Poetry on Impact’. In online flits poëzij oer saken dy’t der ek ta dogge. Mei dichters as de Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja, poëzijgeskinkskriuwers Rodaan al Galidi en Maud Vanhauwaert, plattelânsdichter Paul Demets, poëzij-gûrû Ellen Deckwitz, én Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder