Diskriminaasje. Sa neamt Nils Langer, heechlearaar Frysk yn Flensburch, it as taalgebrûk ferkeard neamd wurdt. Hy seit: “It is iroanysk. Oan ‘e iene kant draait taalbelied foar minderheidstalen om it beskermjen fan talige minskerjochten. De reden dat wy minderheidstalen stypje en beskermje is dat wy sizze: elke sprekker hat it rjocht op de eigen taal, om sa te praten as er wol. En it kin der net op troch dat sein wurdt dat ien dom is omdat er Nedersaksysk of Frysk praat. Men hat rjocht op in eigen taal. Mar troch it betinken fan taalnoarmen, bygelyks troch foarskriften, troch it útjaan fan wurdboeken en grammatikaboeken, feroardielet men beskate manieren om de minderheidstaal te brûken as ‘ferkeard’ en ‘ûnecht’.… Lês fierder