Skriuwer Hylke Speerstra seit dat er himsels yn karantêne pleatst hat. “Net fanwege corona, mar omdat it boek ôf moat”. Mei ‘it boek’ doelt Speerstra op syn lêste grutte wurk dêr’t er no mei dwaande is. It moat syn masterwurk wurde, syn ‘Magnum Opus’.
Hylke Speerstra – Foto: Omrop Fryslân
De latte leit heech foar de skriuwer dy’t mei ‘It wrede paradys’ al in bestseller skreaun hat. It ferskynde yn 2000, krekt foar’t ‘Simmer 2000′ begûn en wie in grut sukses. It waard yn it Nederlânsk (Het wrede Paradijs) en it Ingelsk (Cruel Paradise) oerset.
Fan de Fryske en Nederlânske fersy binne mei inoar sa’n 60.000 eksimplaren ferkocht.… Lês fierder