Teleks: Fergees E-boeken en oar materiaal liene by It Goethe-Institut

logo.ensafh

Onleihe is de digitale bibliotheek van het Goethe-Institut. Op dit moment kunt u 23.000 Duitstalige eBooks, luisterboeken, materiaal voor studenten Duits, tijdschriften en kranten downloaden en online films bekijken.

Overal, altijd, gratis
Na aanmelding en activering van het aanbod kunt u Onleihe op uw pc, laptop of mobiel via de Onleihe-app (Android en iOS) gebruiken, waar en wanneer u maar wilt.

Lês fierder by OnleiheLês fierder

Teleks: Kolleezjes fan de Akademy fan Frjentsjer thús te folgjen

logo.ensafh

De Akademy fan Frjentsjer bringt in trijetal kolleezjes live yn de húskeamer yn it programma Thúsakademy. De Akademy is drok dwaande om fan Frjentsjer wer in universiteitsstêd te meitsjen. De kolleezjes binne gewoanwei foar publyk tagonklik, mar yn dizze koroanatiid is dat net altyd mooglik. Dêrom bringt de Akademy mei Omrop Fryslân de kolleezjes by de minsken thús.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Arno Brok: ‘Takomst fan de frisistyk’ is wichtichste taalboek

logo.ensafh

t boek De takomst fan de frisistyk, besoarge troch Rolf Bremmer, Riemer Janssen en Oebele Vries, is it wichtichste boek oer taal dat yn 2020 ferskynd is. Dat seit de foarsitter fan it Genootschap Onze Taal, in organisaasje dy’t opkomt foar it Nederlânsk. Dy foarsitter is Arno Brok, kommissaris fan de kening yn Fryslân.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: De Faeröer Eilannen en Fryslân

logo.ensafh

Fan ’e wike ferskine tagelyk by de Fryske útjouwerij Afûk en by de Faeröerske útjouwerij Bókadeild Føroya Lærarafelags twa bysûndere nije boeken. ‘De Beam’ is de Fryske titel fan it oarspronklik Faeröerske printeboek TRÆIÐ, skreaun en tekene troch Bárður Oskarsson. ‘Tije – drongurin og rottumaðurin’ is de Faeröerske titel foar it oarspronklik Fryske (foar)lêsboek ‘Tije’, skreaun en tekene troch Mirjam van Houten.

Lês fierder by EbltebltLês fierder

Teleks: Pippi-oersetter Martsje de Jong “Folle mear berneboeken fertsjinje in Fryske oersetting”

logo.ensafh

De Fryske Pippi Langkous is rôversguod. De earste printinge fan tûzen eksimplaren fan it ferneamde boek fan Astrid Lindgren yn it Frysk wie yn in omsjoch fuort. De twadde printinge fan de Afûk-útjefte is ûnderweis. Oersetter Martsje de Jong hat de smaak te pakken: “Folle mear berneboeken fertsjinje in Fryske oersetting.”

It súkses fan de Fryske Pippi ynspirearret útjouwers en oersetters om te wurkjen oan mear oersettings út de wrâldliteratuer yn it Frysk. Anne Popkema fan útjouwerij Regaad pleitet der foar om in folle grutter ferskaat oan boeken yn it Frysk oer te setten, sadat it oanbod oan Fryske boeken breder en nijsgjirriger wurdt foar bern én folwoeksenen.… Lês fierder