Kultuer-ûndernimmer Anke Bijlsma fan de Teätertsjerke yn Nes is tige min te sprekken oer de nijste coronamaatregels. “It is beskamsum hoe’t der op ’t heden mei de kultuer omgien wurdt”, seit se.
Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Kultuer-ûndernimmer Anke Bijlsma fan de Teätertsjerke yn Nes is tige min te sprekken oer de nijste coronamaatregels. “It is beskamsum hoe’t der op ’t heden mei de kultuer omgien wurdt”, seit se.
Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste en koartste dagen hearst yn de podcast Boekekast fan ‘Boeken fan Fryslân’ en Omrop Fryslân. Acht Fryske skriuwers ha spesjaal in ferhaal skreaun. Yn de earste ôflevering is it ferhaal ‘Old school’ fan Hilda Talsma te hearren. Karen Bies praat ek mei de skriuwster. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg.
Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
De moaiste Fryske ferhalen yn de donkerste dagen fan it jier, de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân kriget in ferfolch. Fryske skriuwers skreaune spesjaal foar dit twadde seizoen in ferhaal. Neist it ferhaal is yn de podcast ek in ynterview mei de skriuwer te hearren. Presintatrise Karen Bies mocht de skriuwers ûnderfreegje en fertelt no ús har ûnderfiningen.
Wat is it ferskil mei de earste rige Boekekast?
“Yn seizoen 1 wie it in seleksje fan boekfragminten en koarte ferhalen út de besteande literatuer. Dit seizoen ha wy acht Fryske skriuwers frege om spesjaal foar dizze podcast in ferhaal te skriuwen.… Lês fierder
Skriuwer Josse de Haan is op sneon yn it sikehûs fan Bayonne ferstoarn. De produktive en alsidige skriuwer krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Piksjitten op Snyp. Hy is 79 jier wurden.
Josse de Haan waard berne yn 1941 yn Peins. Hy folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Fan 1962 oant 1971 wie er haad fan de iepenbiere ienmansskoalle te Hjerbeam, dy’t yn 1967 in twamansskoalle waard, doe’t (skriuwer) Trinus Riemersma yn 1970 syn direkte kollega waard. Yn 1971 krige er in beneaming as learaar Nederlânsk oan in skoalle yn Schagen (Noard-Hollân). Njonken syn wurk studearre er MO-Nederlânsk yn Amsterdam.… Lês fierder
Hoe zie jij je ontwikkeling als dichter? Hoe zie jij de ontwikkeling van het mensbeeld in je poëzie?
Aanvankelijk schreef ik in het Engels en deed ik zangers na die ik tof vond. Ik speelde met taal. Mijn eerste landelijk uitgegeven bundel was in het Fries; daarin zat toegankelijk én experimenteel werk. Ik schreef in een soort verminkte sonnetvorm. Ik probeerde bijvoorbeeld regels te maken van 13 lettergrepen in plaats van 10 lettergrepen, zoals dat normaal is in een sonnet.
Pfoe, maar verder… Dit blijft een moeilijke vraag. Ik schreef al 13 bundels. Wat is mijn ontwikkeling? Er zijn dingen veranderd, maar ook juist hetzelfde gebleven.… Lês fierder
Met We strûpe derûnder keert Gjalt de Groot terug naar zijn jeugd in de Alde Feanen, met zijn komelkers en molkfarders, kylspitten en mollerillen. ,,Jawis is it romantyk efterôf. Mar wol moaie romantyk.”
Lês fierder by Jan Ybema op de side fan it Friesch Dagblad… Lês fierder
Koälysjepartijen PvdA, CDA, FNP en VVD yn Provinsjale Steaten wolle dat deputearre Sietske Poepjes dit kalinderjier noch jild regelet foar de kulturele ynstellings dy’t yn augustus dit jier bûten de boat foelen by it ferpartsjen fan kulturele subsydzjes. Neffens de fjouwer partijen binne kultuerynstellings as Friesland Pop, Keunstwurk en it Frysk Lânboumuseum ûnmisber yn Fryslân.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder