Ferdivedaasje mei it ‘moardmystery’ fan Grutte Pier
Folksheld en frijheidsstrider Grutte Pier libbet ek yn ’e 21ste iuw troch yn it kollektive bewustwêzen fan de Fryske kultuer. Op syn 500ste stjerdei sprekt syn leginde noch altiten ta de ferbylding by jong en âld. In memorabel gegeven dat Grutte Pier Brouwerij 28 oktober alle eare oandocht. De brouwers nûgje alle bierleafhawwers út om mei te helpen de wierheid oan it ljocht te bringen: wa hat Grutte Piers trouste striidmakker fermoarde?
Hjoed op ’e kop ôf 500 jier lyn blies er yn Snits syn lêste siken út: Pier Gerlofs Donia. Fan oarsprong wie er in freedsume boer, mar hy soe de skiednis yngean as legindaryske frijheidsstrider Grutte Pier.… Lês fierder