Aginda 26-09-20: Europeeske Taledei mei streektalen en Tsead Bruinja

logo.ensafh

Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei

Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, mei in presentaasje fan Nijntje yn it Frjentsjerters.

Europeeske Taledei wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 80 talen erkend fan mear as 200 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.… Lês fierder

Teleks: Durk van der Ploeg: fragminten út “De Belvedêre”

logo.ensafh

Op 6 septimber is Durk van der Ploeg 90 jier wurden. De skriuwer is al desennia literêr aktyf en hat in grut oeuvre byinoar skreaun. Op hege leeftyd skriuwt er noch altyd en wurdt syn wurk ek noch hieltyd lêzen. Yn in dossier dat Tresoar ta eare fan Van der Ploeg syn 90ste jierdei oanleit op Sirkwy wurde ferskate aspekten beljochte. Mei hjoed: fragminten út de roman De Belvedêre (2012) ferwurke yn in filmke troch studinten fan NHL Stenden.

Lês en sjoch fierder by SirkwyLês fierder

Aginda 03-10-20 o/m 24-10-20: Presintaasje nije bondels Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper

logo.ensafh

Parseberjocht Utjouwerij HISPEL
16 septimber 2020

De Utmolken Toer
Dichters Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar op toernee troch Fryslân

Op 3 oktober 2020 wurde de beide nije dichtbondels fan Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar, respektyflik Wite Mûle, Swarte Molke en Ommers, presintearre yn de notaristún yn Jorwert. Dat dogge hja mei kollega-dichters Gerrit de Vries en Sipke de Schiffart. Muzyk is der fan de band Xigatze.

Dy presintaasje is it startskot foar harren toernee troch provinsje Fryslân. Alle folgjende wykeinen yn oktober steane hja op in oar plak, mei oare kollega-dichters en Xigatze wurdt ôfwiksele mei Kuiper syn band Tigers fan Greonterp.… Lês fierder

Teleks: Hûndert hantekeningen ûnder petysje oer de “Koerts fan de Fryske Akademy 2020-2023”

logo.ensafh

Op woansdeitemoarn 16 septimber (9.45 oere) sil drs. Redbad Veenbaas, vice-foarsitter fan it Feitsma Fûns, de petysje “Koerts fan de Fryske Akademy 2020-2023” oanbiede oan deputearre Sander de Rouwe.

Direkte oanlieding ta de petysje wie it fraachpetear op Omrop Fryslân mei de foarsitter fan de sollisitaasjekommisje foar in nije direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy. Dêr bewearde prof. A. Visser yn dat de kommisje yn Fryslân gjin geskikte kandidaten fûn hie en dat dêrom no útdruklik socht wurdt nei in top-wittenskipper om utens wei.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Lezen en schrijven was wijdverspreid in het oude Israël van 600 v.Chr.

logo.ensafh

Lezen en schrijven was wijdverspreid in het oude Israël van 600 v.Chr. Rein Brobbel 15 september 2020

Onderzoekers van de Universiteit van Tel Aviv (UTA) hebben achttien oude teksten uit 600 v.Chr. geanalyseerd. Door gebruik te maken van de nieuwste technieken op het gebied van digitale beeldbewerking en machine learning en gebruik te maken van handschriftexperts, hebben de onderzoekers een twaalftal auteurs geïdentificeerd. Volgens de archeologen is dit een bewijs dat veel inwoners van het koninkrijk Juda konden lezen en schrijven. De bevindingen van het onderzoek hebben een grote invloed op het debat over wanneer bepaalde Bijbelteksten geschreven zijn.

Lês fierder by Archeologie OnlineLês fierder

Teleks: Statenfractie FNP pleit voor eerlijkere verdeling van cultuurgelden: ‘Oars steane wy hjir in 2024 wer’

logo.ensafh

De Statenfractie van de FNP wil dat de cultuurgelden voortaan op een eerlijkere en solidaire manier verdeeld worden over het hele land. Dit jaar kwam het overgrote deel van het cultuurgeld in Amsterdam terecht. „Guon regio’s krije no hielendal neat”, aldus de fractie.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Teleks: Mediahuis nimt útjouwer Fryske kranten oer

logo.ensafh

De Belgyske útjouwer Mediahuis nimt definityf de NDC Mediagroep oer. NDC is de útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en in grut tal streekblêden. Ferline wike waard al bekend dat de partijen yn petear wiene oer in oername. Neffens Evert van Dijk, oerkoepeljend haadredakteur fan de Ljouwerter Krante en Dagblad van het Noorden, is de oername goed nijs. “De toekomst van onze kranten is een stuk zonniger geworden.”

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder