Teleks: Nobel prize for literature tipped to make safe pick after years of scandal

logo.ensafh

Having been postponed in 2018, last year’s return drew heavy fire for the selection of Peter Handke, so experts expect a cautious choice this week

Jamaica Kincaid and Anne Carson have been tipped as possible winners of this week’s Nobel prize for literature, with the secretive jury expected to play it safe in the wake of three years of controversy.

Lês fierder by The GuardianLês fierder

Teleks: ‘It arkje’ poëzij Geart Tigchelaar op RIXT

logo.ensafh

Geart Tigchelaar: It fers ‘it arkje’ is ûntstien yn ‘e wike dat Dichterskollektyf RIXT dêr siet foar it projekt ‘Rigel fan Rink‘.

it arkje

ferhalen binne ferhalen dy’t ferteld wurde net om út te finen oft se wol doge
ferhalen binne ferhalen om’t se ferteld wurde om ús troch de tiid te helpen
ferhalen binne ferhalen dy’t wy foaral ússels fertelle om it moaier te meitsjen
of slimmer

Lês, sjoch en harkje fierder by RIXTLês fierder

Aginda 23-10-20: Dichtdiner lânskipsleafde ANNULEARRE

logo.ensafh

Dichtdiner lânskipsleafde

Ljouwert City of Literature organisearret op freed 23 oktober op ‘e nij in yntym dichtdiner. Fjouwer skriuwers/dichters mei hert foar it lânskip steane sintraal. Yn it Frysk en yn it Nederlânsk ‘besjonge’ en betreurje sy de (kwinende) natuer. Jantien de Boer, Edwin de Groot, Marije Roorda en Jan Kleefstra drage yn de sfearfolle seal fan de Westertsjerke wurk foar oan in lyts, nijsgjirrich publyk. ANNULEARRE.

Lês fierder by City of LiteratureLês fierder

Teleks: Fryske berne- en jeugdboeken foar skoalbern en pjutten

logo.ensafh

Wethâlder Andries Bouwman fan Tytsjerksteradiel joech woansdeitemoarn de ôftraap foar de Berneboekewike op basisskoalle De Ichtusschool yn Gytsjerk. Hy lange de skoalle in pakket oer mei Fryske boeken mei in wearde fan € 200,-.

Wichtich foar taalfeardigens
Yn groep 1, 2 en 3 fan Juf Ineke Hartwig lies wethâlder Bouwman foar út it Fryske boek Skattich fan Lida Dykstra en Marije Tolman. “Foar de taalfeardigens fan bern is it tige wichtich dat se fan jongs ôf oan mei it Frysk en oare talen yn kontakt komme”, seit Bouwman. “Ik bin sels net Frysktalich opgroeid en ûnderfyn no hoe dreech oft it is om jin letter in taal eigen te meitsjen.”… Lês fierder

Teleks: Skriuwer Mindert Wijnstra (74) ferstoarn

logo.ensafh

Yn syn wenplak Warns is skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra ferstoarn. Wijnstra wie al in oantal jierren slim siik. Hy hie prostaatkanker en krige dêr in oerhaal oerhinne. Mindert Wijnstra waard 74 jier âld. Wijnstra wie troud en hie twa dochters. Mei ien fan har, Babs, wurke hy in soad gear. Sy tekene in soad fan de ôfbyldingen yn syn boeken.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder