Dichter Nyk de Vries op Transpoesie
Dichter fan Fryslân Nyk de Vries docht dit jier mei oan de tsiende edysje fan it ynternasjonale poëzyfestival Transpoesie yn Brussel. Fanwegen de koroanakrisis sil it festival folslein digitaal ferrinne.
Op 14 oktober sil De Vries fia in live-stream fertelle oer syn wurk en sille der earder opnommen gedichten fan him toand wurde mei oersettings yn it Nederlânsk, Frânsk en Ingelsk. Yn de Hongaarske ambassade sitte in groep taharkers dy’t fragen stelle kinne oan ’e dichters. De oare dichters binne Cornelia Hülmbauer (Eastenryk), Marina Kazakova (België), Kamila Janiak (Poalen), Iona Lee (Skotlân) en Maxime Garcia Diaz (Nederlân) te hearren wêze.… Lês fierder