Teleks: Friduwih Riemersma moat op kursus

logo.ensafh

In goeie wike nei’t ik ynstjoerd hie mailde it FLMD my in fingerwizing nei alve (11!) Fryske skriuwkursussen. Ik wol net eigenwiis wêze. Ik sil mei myn skriuwerij de Nobelpriis nea winne en ik haw dalik in kursus útsocht, mar—ik kom aansen op de alve werom—myn ynstjoering wie der dus al foar anonimisearring úthelle as ‘skriuwt net bêst’: ‘it hifkjen net wurdich’.

Lês fierder by fers2Lês fierder

Teleks: Skriuwwedstriid: ferslaan Grutte Pier… mei wurden

logo.ensafh

Dit jier is it 500 jier lyn dat de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, stoar. It berteplak fan Pier is Kimswert en dêr ûntstie it inisjatyf om doarpsgenoat Pier te betinken mei in skriuwwedstriid.

Grutte Pier daget jo út
Skriuw in essay, ferhaal, beskôging, kollum of gedicht oer wat foar Pier it iennichste wie dat telde: FRIJHEID. Hoe’t jo dat tema útdjipje, is oan jo; dêr binne jo alhiel frij yn. Fragen dy’t jo op paad helpe kinne soene: rjochtfeardige Pier syn driuw nei frijheid de wize dêr’t er de striid mei oan gie? Is it terjochte dat de Fryske kriichshear, frijheidsstrider, kaper en seerôver fereare wurdt as in folksheld?… Lês fierder

Teleks: Minder winners Rely Jorritsmapriis

logo.ensafh

De sjuery fan de Rely Jorritsmapriis hat trije prizen útdield. Dat binne der minder as de ôfrûne pear jier, doe wiene it der hieltyd fiif. Wat seit dat?

Der binne meiïnoar 56 gedichten en 32 ferhalen ynstjoerd., 88 yn totaal. De sjuery mei fiif prizen per kategory útrikje, meiïnoar tsien dus. De lêste pear jier wiene dat der fiif yn totaal, no dus mar trije: Elmar Kuiper en Sjoerd Bottema mei in ferhaal, Syds Wiersma mei in gedicht. Kuiper wie ferline jier ek ien fan de winners.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder