Ljouwert, 24 april 2020 – Hjoed binne by 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen rûnom yn de provinsje Fryslân poëzykaarten besoarge foar de goed 5.000 bewenners.
It is in aksje fan Leeuwarden UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Dichterskollektyf RIXT. RIXT-dichters Jan Kleefstra, Syds Wiersma, Gerrit de Vries, Froukje Reitsema, Kate Schlingemann, Martsje de Jong, Marije Roorda en Tsjisse Hettema en dichteres Baukje Wytsma hawwe mei-inoar sân Frysktalige en twa Nederlânsktalige gedichten skreaun. Ernst Bruinsma, saaklik lieder Leeuwarden City of Literature: “Mei de aksje wolle wy treast en hope jaan yn dizze – foaral foar âlderen – drege tiid.”
Troch Douwkje Douma fan it projekt Frysk yn de Soarch (Afûk) is der ynventarisearre hokker belangstelling der wie by soarchsintra foar âlderein yn Fryslân.… Lês fierder