Bêste skriuwer,
Soesto it folhâlde om tûzen-en-ien nachten efter elkoar ferhalen te betinken en op te skriuwen?
Sa om it begjin fan ús jiertelling hinne ûntsnapte de moaie Sheherazade oan de dea troch tûzen-en-ien nachten in betsjoenend ferhaal oan de kening te fertellen. Dizze prachtige fertellingen foarmje in samling ferhalen út it Midden Easten. Ferhalen fan fier fuort, oer minsken fier fuort…of stean al dy ferhalen miskien just wol tichterby as datst tinke soest?
De foarstelling 1000&1 Nacht, sa as Tryater dat foar eagen hie, sil der net komme. Mar yn dizze spannende tiid – wêryn it wichtich is om sa no en dan te ûntsnappen oan de realiteit troch de rykdom fan de ferbylding op te sykjen – itte we de moedfearren net hingje.… Lês fierder