Oprop gedichten FeRstival
Cedin docht de jierlikse oprop om gedichten yn te stjoeren foar FeRstival.
Wa skriuwt in fers foar de jeugd dat geskikt is om foar te dragen?
Dan kinne wy op ‘e nij in moai boekje gearstalle mei safolle mooglik nije fersen.
In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn it boekje FeRsefariaasje. Dat sil nei de skoallen stjoerd wurde en dêr kinne de meidoggers dan in fers út kieze. Wy ha trije skiften:
– Starters 1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
– Trochsetters 2de en 3de klassers, dus 14 en 15 jier;
– Toppers 4de klassers, MBOers en HBOers, 16, 17 jier en âlder.… Lês fierder