Nijs
Teleks: Bouquetreeks yn it Frysk
Yn gearwurking mei HarperCollins komt Utjouwerij Regaad fan ’t maitiid mei in Frysk diel yn de populêre Bouquetreeks: Leafde yn Ljouwert.
It ferhaal is spesjaal foar de gelegenheid skreaun troch Fleur van Ingen (pseudonym), de iennige Nederlânske Bouquet-auteur – dy’t yn Fryslân blykt te wenjen. It orizjineel is skreaun yn it Nederlânsk en dêrnei oerset troch Martsje de Jong, dy’t al earder oersettings foar Regaad makke hat. It is foar it earst dat in Bouquetreeks-diel yn it Frysk ferskynt.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
Teleks: Petear mei Beart Oosterhaven
Beart Oosterhaven drukte als musicograaf zijn stempel op de Friese muziek
Of hij niet even naar de tekst wilde kijken. ,,Fansels”, zei Beart Oosterhaven van de Fryske Akademy dan. En zo drukte hij zijn stempel op de muziek van tal van Friese artiesten. Deze week neemt de musicograaf afscheid bij de Fryske Akademy.
Lês fierder by it Friesch Dagblad… Lês fierder
Teleks: Twatalige Frysk-Portugeeske dichtbondel Godwits
Twatalige Frysk-Portugeeske dichtbondel Godwits
Mei gedichten fan Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Raquel Lima en Nuno Piteira.
Yn 2015 moete Jan Kleefstra op in reis mei Kening fan de Greide yn Lissabon de dichters Raquel Lima en Nuno Piteira en selliste Joana Guerra dêr’t er mei optrede. Dat late ta in útnûging foar it Portugal Slam Festival te Lissabon yn 2015. De trije Portugezen waarden dêrnei mei stipe fan Tresoar nei Fryslân helle foar guon optredens, û.o. mei it Frysk kollektyf Tsjinlûd. Der kaam in útnûging om op ’e nij nei it Portugal Slam Festival te kommen, diskear tegearre mei Elmar Kuiper yn 2016.… Lês fierder
Teleks: Portret Aggie van der Meer
Tresoar hat in nij portret tafoege oan de searje Gysbert Japicxpriiswinners. It is al hast in tradysje wurden dat de Gysbert Japicxpriiswinner in skildere portret kriget yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn 2019 wûn Aggie van der Meer (1927) fan Boalsert de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre. Douwe Elias fan Frjentsjer hat har steande skildere mei foar har alderhanne wurk, want hja wurket noch altyd oan ferskate opdrachten. Elias skildere earder ek de portretten fan Tiny Mulder en Piter Boersma yn dizze searje.
Lês en sjoch fierder by Tresoa… Lês fierder
Teleks: Winners skriuwwedstriid fan Tresoar binne bekend
Winners skriuwwedstriid fan Tresoar binne bekend
Op de skriuwwedstriid fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar ‘wat betsjut frijheid foar ús?’ binne 19 gedichten en 9 ferhalen ynstjoerd. Oanlieding om de wedstriid út te skriuwen, is it feit dat 75 jier lyn in ein oan de Twadde Wrâldoarloch kaam.
De sjuery, besteande út Doeke Sijens, Eric Hoekstra en Nienke Jet de Vries, hat de teksten anonym beoardiele.
De winners
By de gedichten hat Syds Wiersma de earste priis wûn mei syn fers ‘de put’. De sjuery seit dêroer:
“It is in gedicht dat sawol tagonklik as fernimstich is. It tema is dat minsken gjin emoasjes talitte omdat emoasjes sear dwaan kinne.”… Lês fierder
Teleks: Hein Jaap Hilarides wint Bildts diktee
En op ’e nij hewwe wij ’n ândere winner! Na Femke Keizer, Geke Postma en Andries Hogenhuis waar op dînsdeg 25 febrewary l.l. Hein Jaap Hilarides de beste. Hij had seuven fouten maakt en dat waar ’n hele goeie prestasy. ’n Goeie prestasy omdat elkeneen d’r wel over eens waar dat deuze edisy de meest drege waar fan de fier.
Lês fierder by Stichting Bildts Aigene… Lês fierder
…