Aginda 04-03-20: Oraasje Han van der Velde ‘De verwaarlozing van het Fries’

logo.ensafh

by it beslút fan it kolleezje fan bestjoer mei yngong fan 1 april 2019 beneamd ta heechlearaar fan de fakulteit Geesteswetenschappen oan de Universiteit Utrecht om wurksum te wêzen op it fakmêd fan de ‘Sosjolinguïstyk, mei bysûnder omtinken foar de taalfariëteiten yn Fryslân’,

hat it foarnimmen om op woansdei 4 maart 2020 om 16.15 oere yn de Aula fan it Academiegebouw, Domplein 29 yn Utrecht syn amt te oanfurdigjen mei it hâlden fan in oraasje, mei de titel:

De verwaarlozing van het Fries

Sjoch fierder by de Fryske Akademy (ek foar oanmelding)… Lês fierder

Teleks: Nij ûndutsen brieven Rixt online

logo.ensafh

Nij ûndutsen brieven Rixt online

Ofrûne simmer waard it Frysk Dichterskollektyf RIXT ferrast troch in skinking fan dichter Koos Hagen (1939) út Amstelveen. Yn ’e neilittenskip fan syn heit ds. J.C. Hagen sieten fjouwer hânskreaune brieven fan dichteresse Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979), bekend wurden ûnder it pseudonym Rixt. Koos Hagen woe dy brieven ta hawwe oan it Frysk dichterskollektyf, om’t de Grouster dichteresse de nammejouster en beskermfrou fan it kollektyf is. Hjoed, op de 41ste stjerdei fan Rixt, biedt RIXT de brieven fan har nammejouster oan Tresoar oan. De brieven binne digitalisearre en kinne hjir neilêzen wurde.

Lês fierder by RIXT

Klik hjir foar de brieven (pdf)Lês fierder

Teleks: Brieven fan dichteresse Rixt opdûkt

logo.ensafh

Brieven fan dichteresse Rixt opdûkt

Ofrûne simmer waard it Frysk Dichterskollektyf RIXT ferrast troch in skinking fan dichter Koos Hagen (1939) út Amstelveen. Yn ’e neilittenskip fan syn heit ds. J.C. Hagen sieten fjouwer hânskreaune brieven fan dichteresse Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979), bekend wurden ûnder it pseudonym Rixt. Koos Hagen woe dy brieven ta hawwe oan it Frysk dichterskollektyf, om’t de Grouster dichteresse de nammejouster en beskermfrou fan it kollektyf is. Op freed 31 jannewaris, de 41ste stjerdei fan Rixt, biedt RIXT de brieven fan har nammejouster oan Tresoar oan. De brieven binne digitalisearre en wurde moarnier pleatst op de websiden fan it dichterskollektyf en Sirkwy: www.rixt.frlLês fierder

Teleks: 575 Fryske boeken digitalisearre

logo.ensafh

Op de website www.delpher.nl zijn 575 Friese boeken gedigitaliseerd. De meeste zijn gratis in te zien en te gebruiken, behalve als er auteursrechtelijke beperkingen gelden.

Het gaat om boeken als Joun healwei tolven van Rink van der Velde, De oerwinning fan Bjinse Houtsma van Anne Wadman en De teltsjebeam van Diet Huber.

Dit is een initiatief van Tresoar, het ‘Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum’, die daarin samenwerkt met de Koninklijke Bibliotheek in Den Haag.

Lês fierder by de Ljouwerter KranteLês fierder

Aginda 08-02-20 : GRUTTE GEDICHTEJÛN ENSAFH YN DRACHTEN

logo.ensafh

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. Ditkear wer yn Kafee Marktzicht yn Drachten en wer op 8 febrewaris, mar yn 2020 falt dat op in saterdei. Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal oft de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.

De dichters wurdt fersocht om ien fers foar te lêzen en net al te lange ynliedingen te hâlden, soks yn ferbân mei de beheinde tiid. Wa’t in gedicht fan har of syn favorite dichter foarlêze wol, hoecht net sels ek dichter te wêzen.… Lês fierder